Sult docht it binnendoar, Wergea docht it mar ien kear yn 'e twa jier en gjin toanielferiening dy't in jubileum oangrypt om grut út te pakken. De rispinge fan it iepenlofstpullejier 2003 is lyts. Allinne Opsterlân, Menameradiel, Burgum, Easterwierrum en Jorwert - de fêsten - jouwe acte de présence. Ferskaat is der wol. Burgum grypt mei 'De Parvenu' fan Molière werom op in klassiker, Menameradiel en Opsterlân kieze foar eigentiidsk. Opsterlân spilet 'In Pompstasjon' fan de Frânske skriuwer-regisseur Gildas Bourdet yn in oersetting fan Jikke de Haan. Haadpersoanen yn it stik binne in frou en har trije dochters dy't in pompstasjon eksploitearje oan in dearinnende dyk. Se wolle mar al te graach ferhúzje, it komt der allinne net fan. Samson, de monteur, restaurearret de âlde Peugeot 505 Familiale foar de brulloft fan de middelste dochter en is tagelyk de ferteller. Regisseur Wiesje Jansma hat it stik sels útsocht. Se fynt it ,,in hiel plesierich stik: hiel komysk, mar ek hiel tragysk.'' Der bart fan alles yn neffens har, mar sûnder dat der in ferhaal mei in begjin, in midden en in ein yn ferteld wurdt. Spektakel ûntbrekt, muzyk ek. It is net spesjaal skreaun foar yn de iepen loft, mar om't it bûtendoar spilet is it dêr neffens de regisseur wol hiel geskikt foar. Sparjeburd, De Himrik, 3, 4 (premiêre), 6, 7, 10, 11, 13 (nacht), 14 en 15 juny. Alle jûnen om 21 oere, 13 juny om 23 oere. Kaarten bestelle by de VVV, 0513-461875, op kantoaroeren en sneons 10-16 oere. Ek Dronryp hat in eigentiidsk stik útkeazen. Gerrit Hoekstra sette 'Frau im auto' fan de Dútske skriuwer Felix Mitterer oer yn 'Ferkeard Parkeard'. De regy is yn hannen fan Janneke Bergsma, de muzyk fan Dreun fan Teun. Haadpersoan is Hedwig Keizer, in frou dy't de siswize 'my home is my castle' suver letterlik nimt. Har hûs it wichtichste fan har bestean, it anker yn har libben. Se hat it mei har eigen hannen opboud, it is har eigen skepping, net ien dy't deroan komme mei. Iroanysk genôch kostet krekt dy hurde opstelling har it hûs. As bliken docht dat dat it eigendom is fan soan Herman, moat se derút. By wize fan protest set Hedwig Keizer in auto by har soan foar de glêzen om yn te wenjen. It konflikt rint hieltyd fierder út 'e hân, buorlju, amtners, sjoernalisten, elkenien kiest partij. It wurdt in striid mei hichte- en djiptepunten. Stadich wurdt dúdlik hoe't de djippe kleau tusken mem en soan ûntstien is. De Haven, Dronryp, 11 (premiêre), 13, 14, 17, 19, 20 en 21 juny, alle kearen om 21 oere. Kaarten kinne fanôf 2 juny op wurkdagen tusken 18 en 21 oere besteld wurde op 0517-232426 of fia www.iepenloftspuldronryp.nl. Yn Burgum weagje se har as iennichste oan in klassike skriuwer. 'De Parvenu' fan de Frânske komeedzjeskriuwer Molière (1622-1673) fertelt it ferhaal fan de hear Jordain. Hy hat in leave frou, in pittige dochter, personiel by de rûs, in prachtich hûs en hy smoart yn it jild, mar is dea-ûngelokkich om't er net fan adel is. Om dochs mei de hearskjende klasse meidwaan te kinnen, hellet er de healwiiste en ûnnoazelste setten út. Meidwaan, derby hearre wolle is net bûn oan it Frankryk fan 'e santjinde ieu. Ek yn de ienentweintichste ieu meitsje noch withoefolle minsken harsels bespotlik, twinge se harsels yn de nuverste bochten om mear te lykjen as se binne, om oansluting te finen by in elk by wa't se opsjogge. It iepenloftspul fan Burgum lit dat sjen. Ek no wer bart dat yn 'e regy fan Anny Veenstra. De Pleats, Burgum, 13, 14, 17, 18 en 20 juny, alle kearen om 21.15 oere. Kaartferkeap op tel. 0511-461298 moarns fan 10 oant 12 oere of mei e-mail: deboer@iepenloftspul.nl. www.iepenloftspul.nl Klassyk is miskien wat in grut wurd, mar yn 'e skiednis fan it Amerikaanske berneferhaal nimt 'The Wizard of Oz' wol in spesjaal plakje yn. Dat is yn foarste plak te tankjen oan de musical mei Judy Garland út 'e tritiger jierren en justjes minder oan de musical mei Michael Jackson en Diana Ross út de santiger jierren. 'Oz', lykas it by it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum hjit, giet oer Dora, in famke dat der wat útleit op skoalle. Har libben nimt in kear as se yn Oz terjochte komt, in lân mei heksen, tsjoenders en oare nuvere wêzens. Se rekket befreone mei Blikjeman, Fûgelskrik en Leffe Liuw, dy't alle trije op syk binne nei de tsjoender fan Oz. Allinne de tsjoender kin har aldergrutske winsk ferfolle. Mar foar't se by de tsjoender binne, moatte se earst de striid mei de ferskriklike heks Walgina oangean. Marius Del Grosso en Rieneke Heeringa hawwe de regy yn hannen, Gerrit Hoekstra makke de toanielbewurking, de muzyk is fan Peter Sijbenga. Pastorytún, Easterwierrum, 7 juny (premiêre) 20.30 oere, 11 juny 14.30 oere, 13 en 14 juny 20.30 oere, 18 juny 14.30 oere en 20 juny 20.30 oere. www.berneiepenloftspul.nl Jorwert hat fan't simmer grut feest om't it Iepenloftspul fyftich jier bestiet. Njonken alle drokte dêr't dat mei betocht wurdt - in keunstwurk, in nij muzykstik, in jubileumboek, moarnsiten yn de greide - is der fansels ek gewoan wer in stik yn de notaristún. Jorwert komt diskear mei 'Ik wol spylje' - net fan Shakespeare, mar óér Shakespeare. It is in bewurking fan de film 'Shakespeare in love' út 1998, fan Tom Stoppard en Mark Norman, yndertiid goed foar sân Oscars. It ferhaal giet oer it ta stân kommen fan in toanielfoarstelling yn 1593. Shakespeare sit op slot, hy mist in ynspirearjende muze. Dy treft er yn de persoan fan keapmansdochter Viola. Foar har as frou is toanielspyljen tabû, en de teaters binne ticht fanwegen de pest. Mar as hja de jonge toanielskriuwer treft, komt de boel yn in streamfersnelling. De ûnmooglike leafde ynspirearret Shakespeare ta it skriuwen fan 'Romeo en Julia'. De oersetting is fan Jan Schotanus, de regy fan Romke Toering en Marijke Vlas. Utfieringsdata 21, 23, 26, 27 en 30 augustus en 2, 3, 5, 6, 10, 12 en 13 septimber. Alle jûnen om 20.30 oere. Kaartferkeap: freed 15 augustus fan 17.30 oere ôf op 0900-899 8766. www.iepenloftspuljorwert.nl