In tragikomeedzje mei in live band yn Jorwert


Door Hinne Bokma

Jorwert – Jorwert makket him wer op foar it iepenloftspul. Yn de notaristún wurdt fan 31 augustus ôf Bohemia spile. It dekor is sa goed as klear, de spilers witte wat der fan harren frege wurdt. De kommende dagen wurde alle puzzelstikjes yn elkoar skood. It is in stik mei in protte muzyk. Gjin musikal, mar in muzikaal spektakel mei in live band. Wybo Smids spilet de haadrol.

 
Troch Hinne Bokma
 
,,It giet oer de keunst fan it loslitten. Dy trein dinderet mar troch. Wêrom net ris in kear útstappe en in oare trein nimme. It giet om de leafde en it giet om in artyst, dy’t wat oars wol yn syn libben”, sa fertelt regisseur Tjerk Kooistra. It is it ferhaal fan in rockmuzikant, dy’t it makke hat yn ‘e wrâld, mar syn nocht hat fan de ‘glitter en glamour’ en in langstme hat nei de ynfâldige lústerferskes mei lytse emoasjes. Dy rockmuzikant Roelof, spile troch Wybo, wol werom nei it lytse.
Bohemia is ynspirearre op de ferneamde opera La Bohème en is troch Tjerk Kooistra en Jan Schotanus bewurke ta in eigen stik. It is muzykteater mei Fryske ferskes fan nûmers fan Bram Vermeulen en AD/DC. Bohemia is in tragikomeedzje oer de leafde, foar de keunst en foar elkoar.
De muzikale lieding is yn hannen fan Jorrit Laverman, it broerke fan… ,,Mar der komt ris in tiid, dat Nynke de suster wurdt fan…”, merkt Jorrit mei in knipeach op. Jorrit, hikke en tein yn Weidum, folget de dirigentenoplieding oan it konservatorium yn Zwolle. Hy is dirigent by De Hallumer Fanfare yn Hallum en de Amelose Christelijke Harmonie en jout yn Weidum les yn slachwurk.
It is foar him net de earste kear dat er mei docht oan in teatrale produksje. Tidens it Oerol op Skylge wurke Jorrit mei oan in opera op it strân en hy wie belutsen by Stille Sneon fan Hoite Pruiksma. Oan Jorwert hat er noch net earder meiwurke. ,,Earder siet ik wol mei de Harmonie fan Weidum te spyljen by de yngong.”
De spilersgroep bestiet út njoggen muzikanten en njoggen akteurs. Op it poadium ek dit jier bekende nammen sa as Douwe de Bildt, Derk Smids, Doet Stenekes en Wiepkje Castelein. De njoggen muzikanten meitsje gebrûk fan sa’n tritich ynstruminten. ,,Alles is live, ek as der even gjin muzikanten op it poadium binne”, fertelt Jorrit. ,,Der is in grut ferskaat oan muzyk.”
Foar Tjerk Kooistra is it de fiifde kear dat hy it iepenloftspul yn Jorwert regiseart. Earder hat er fjouwer kear as spiler oan it iepenloftspul mei dien. Foar de regisseur en de spilers brekt no de spannendste tiid oan. It is de tiid om de puzzelstikjes yn elkoar te setten. ,,In tiid mei in bytsje sliep.” Pas neidat de resinsjes yn de krante stien hawwe komt der wat rêst yn ‘e holle.
 
Bohemia giet op woansdei 31 augustus yn premjêre. Oare foarstellings binne op 1, 3, 7, 9 10, 16, 17, 21, 23 en 24 septimber.




Op 'e Skille - 2011-08-17