Jorwerterjûn yn Bohemia
Door Christina Hoekstra
En dêr wie it dan; ús eigen La Bohéme op syn Jorwerters. Lokkich koe ik dit jier wol nei de Jorwerterjûn ta, dat hat dochs altyd wol wat spesjaals. Ekstra spesjaal wie dat myn lytse skiter dit jier ek mei gie! Bin nea sa’n foarstanner fan lytse bern by it iepenloftspul, mar neffens my koe it dit jier wol wat lije en boppedat fûn Jente de muzyk wol fet! (en ik hie gjin oppas, mar dat eefkes terside) Ik hie wol nocht oan dit stik; in wiere rockopera!
Sa no en dan stie ik foar hûs te rocken op strjitte, om’t dan de musyk dêr ta útnoege. En ek de poster fan de stoere rocker prikkele wol moat ik sizze. De musyk fan ACDC wie my wol bekend, de lieten fan Bram Vermeulen wie’k tige nijsgjirrich nei.
By de yngong wie ’t fuort al feest, om’t we in button krigen, leuk betocht! It is ek leuk om alles troch de eagen fan in bern te besjen, hja helje d’r wer hiele oare dingen út as jo (al koe d’r nei ôfrin wol eksakt it ferhaal fertelle). Sa siet Jente by in wier rockkonsert en wie de band fan Roelof dé band. En wie d’r fansels gjin praet fan dat d’r musikanten efter de skermen spilen! Ik moat trouwens earlik bekenne dat ik sels ek eefkes twifele ha; spylje se no echt of net?
Jente wie fuort superfan fan de gitarist mei de tattoos, nei ôfrin ha hy en syn freontsje sels in hantekening witte te bemachtigjen fan harren idoal! Geweldich! Dy hinget no by ús op de koelkast. Ik sels woe leaver in hantekening-met –een-beetje-meer fan rocker Roelof alias Wybo, ja, ik wie ek in megafan! Fan fan syn stoere foarkommen, mar foaral ek fan syn hearlike rauwe stim, mei safolle emoasje. En dat wie écht; by’t leste nûmer (de skepping 2) seach ik nei ôfrin Roelof, of wie it no Wybo? Syn triennen fuort feien doe’t it ljocht al út wie.
Ek de kostuums wiene reden foar ferwûndering by Jente: hoe koe dy man no dat jaske sa oan ha wylst ‘er syn earms d’r net troch hie? En hie mem wol sjoen dat dy leren broek mar foar de helte wie? Ik fûn it wiere haute couture! Kom d’r mar ris op!
Ik fûn ek dit Jorwerter ILS tsjûgjen fan in grutte profesjonaliteit op alle flakken. Wat soe ik d’r ek graach in CD fan ha! Mar ik leau dat dy d’r spitigernôch net oan sit te kommen. Fyn ik wol in hiel lyts negatyf puntsje, mar tagelyk fansels ek in grut komplimint fan my foar jimme! It ferhaal fan it stik soe te meager wêze, mar minsken it is in rockopera en de lieten fertelle it ferhaal! Lústerje nei dy skitterjende teksten en jo heare it ferhaal, lêz de wurden en jo fiele it ferhaal. Ja, it wurd jo net foarkôge, jo moatte no sels ek efkes nijtinke en goed lústerje.
Wylst ik dit skriuw stean ik ek foar in krúspunt yn myn libben krekt as Roelof, wer in nij libbensjier foar my. Jo meitsje de balâns op en meitsje keuzes. Hoesa in meager ferhaal??
“Wês stil en tink foar ien momint ris nei en fiel ris. “
En sa is it mar krekt.
Christina Hoekstra
De Hiele Toer (Doarpskrant Jorwert) - 2011-10-06