De Jorwerter toer as in omkearde Titanic


Door OENE W. NIJDAM

JORWERT - Tsjinwurdich falle de balkons spontaan fan 'e gevels, wrakselje arsjitekten mei moadieuze konstruksjes, of sjit de minske de ynfrastruktuer sels oerhoop. Mar ek froeger gie der wolris it ien en oar mis. Yn Jorwert bygelyks. Op 23 augustus 1951, God wie noch krekt net ferdwûn út it freonlike doarp, stoarte yn 'e iere moarn mei donderjend geweld de tsjerketoer yn elkoar. Aldergeloks in drama sûnder deaden, dat yn 'e searje 'Great Disasters' fan Discovery komt Jorwert net foar. Jild moast der op it kleed komme en ien fan de inisjativen wie it iepenloftspul, hjoeddedei libbenskrêftiger as ea. Dit jier foar de fyftichste kear. Dat frege om wat ekstra's. Hichtepunt fan de jubileumaktiviteiten wie dit wykein 'Foar nei de Stilte', in muzykstik spesjaal skreaun troch Cees Bijlstra. Bijlstra, de 'sound' fan Omrop Fryslân, is ûnder mear bekend fan 'e muzyk by de Fryske films fan Pieter Verhoeff. Dizze kear moast de Grouster it sûnder beweegjende bylden stelle en dêr is de komponist-toetsenist treflik yn slagge. It waard in hecht en goed trochtocht muzikaal bousel mei harmoanieuze toanklusters, rûzjende konsonanten, driigjende strikers en meislepende ritmes. Dat lêste net allinnich yn it rake slachwurk, mar ek - hiel nijsgjirrich - by de blazers. De tolve sênes tellende partituer is net sa sear fernijend, mar wol byldzjend, hast filmsyk skreaun. Sa hearre we de Jorwerter toer slaan, de molkbussen ratteljen yn 'e iere moarn en (op tape) de konstruksjes fan'e tsjerketoer kreakjen en kreunjen. Dat lêste hie wol wat fan it ûndergean fan 'e Titanic, mar dy lúkse oseaanreus hie langer nedich as fyftjin sekonden En bleau it nei de fjirtjinde april 1912 foar de oerlibjenden en harren neikommelingen suver en allinne kommer en kwel, by Bijlstra lei it aksint mear op it 'ferrizen', de tiid 'nei de stilte'. Muzyk dy 't hannelt oer hoop en ferwachting, oer it oerwinnen fan tsjinslaggen. It ynstoarten fan 'e Jorwerter toer as omkearde Titanic, as de dei dy 't nei eltse nacht ferriist, om (frij) mei skriuwster Baukje Wytsma te sprekken. In gefoelige en tagelyk striidbere tekst, moai songen troch de jeugdige Sanne Hoeksma. De sfearfolle útfiering fan sneintemoarn (middeis wie der net genôch belangstelling) moast de - nei sizzen - spektakulêre beljochting fan Patrick Kramer misse, mar krige wol - mei rjocht - in tuskenapplaus fan 'e keatsers dy't op it fjild njonken de rustike notaristún dwaande wiene. In útfiering dy't rûn as in trein. Allinnich dy ûnfersteurbere koekoek yn it beamtegrien, dêr hie de partituer fan Bijlstra net yn foarsjoen. Plak: Notaristún, Jorwert. Barren: Jubileumkonsert 'Foar nei de stilte', op muzyk fan Cees Bijlstra en tekst fan Baukje Wytsma. Begelieding: Fjirtjin muzikanten en sang fan Sanne Hoeksma. Lûdsbyld en technyk: Harry Zwerver en Remko Smids. Belangstelling: sa 'n 300 persoanen.




Leeuwarder Courant - 2003-08-25