Trein stoppet tydlik wer yn Jorwert


stoppet tydlik wer yn Jorwert Men kin it jin no hast net mear yntinke, mar der hat in tiid west dat jo yn Jorwert op en út de trein stappe koene. Dat wie fan 1883, doe¹t it spoar tusken Ljouwert en Snits ree kaam, oant 1938. Yn dat jier doekte NS yn ien klap alle lytse stasjontsjes yn ¹e greidhoeke op. It iennichste iepenbier ferfier dat Jorwert hjoed de dei noch hat is op sneontejûn: de diskobus nei Berltsum. Mar no, 64 jier letter, kriget it dochs wer oansluting op it spoarnet. Ek al is dat allinne foar de besikers fan de foarstellings fan it iepenloftspul. Ear't it safier is, sil der in tydlik perron oanlein wurde moatte, want fan it eardere Jorwerter stasjon is no neat mear oer. Yn gearwurking mei it Iepenloftspul Jorwert probearret NoordNed dizze tsjinst út fan stasjon Ljouwert en Snits ôf om sa temjitte te kommen oan de minsken dy¹t har leaver ride litte en de net-autobesitters. Tagelyk wurdt hjirtroch it tal auto¹s, dat yn en om Jorwert parkeard wurde moat, lytser. De spesjale iepenloftspultrein giet om 19.22 oere út Ljouwert en om 19.18 oere út Snits. Lyk nei de foarstelling geane de twa treinen nei Ljouwert en Snits werom. De organisaasje soarget foar oanslutend ferfier oant by de notaristún. De treinkaartsjes à 3 euro kinne tagelyk mei de kaarten foar it iepenloftspul besteld wurde. Foar mear ynformaasje sjoch ek: www.noordned.com By genôch belangstelling wurdt de tsjinstferliening takom jier mooglik útwreide.




Leeuwarder Courant - 2002-08-10