Ferkeap Iepenloftspul rint goed


Fan it Iepenloftspul yn Jorwert binne al fiif fan de alve foarstellings útferkocht. Dat seit de organisaasje. Woansdei is mei de telefoanyske ferkeap út ein set. Minsken koene fia 48 telefoanlinen kaar-ten bestelle foar it 51e Iepenloftspul. Dit jier wurdt it stik 'Op hoop van zegen' opfierd, fan skriuwer Herman Heijermans. Minsken dy't noch kaarten ha wolle, kin-ne tongersdeitejûn ek noch belje. De premjêre is op 25 augustus




Omrop Fryslân - 2004-08-19