Heijermans hat Jorwert noch genĂ´ch te sizzen


Door SIETSE DE VRIES

Plak: Notaristún, Jorwert. Foarstelling: Op hoop van segen. Tekst: Herman Heijermans. Oersetting: Jan Schotanus. Muzyk: Peter Sijbenga en Sytze Pruiksma. Lietteksten: Baukje Wytsma. Dekorûntwerp: Durk Kramer. Regy: Romke Toering en Marijke van Beem. Belangstelling: útferkocht. Bysûnderheden: oare foarstellingen moarn, sneon en op 1, 4, 8, 10, 11, 15, 17 en 18 septimber. Der binne noch kaarten. JORWERT - Soms kin irony ek goed útpakke. Wat te tinken fan in toanielstik oer it leed dat stoarm en rein feroarsaakje kinne, dat trochgiet, allinne om't it nei in hiele dei fan reinen ynienen droechfalt? Jorwert hie juster werris alle gelok fan'e wrâld. It publyk fan 'Op hoop fan segen' koe it net better treffe. Mei it waar net en mei de foarstelling miskien ek wol net. By stikken dy't skreaun binne om sosjaal ûnrjocht oan 'e kaak te stellen is it altyd de fraach oft se hûndert jier letter - as de sosjale kwestje dêr't sa'n stik oer giet, al lang út 'e wei romme is - noch wol te fertarren binne. De krêft fan 'Op hoop fan segen' lykwols is dat it sa goed skreaun is en dat de personaazjes mei safolle nuânses delset binne, dat it de taskôger fan hjoeddedei noch genôch te sizzen hat. Reder Bos is net in smycht fan it suverste wetter, mar hat - as man dy't him út it neat wei nei boppen wrot hat - ek syn minsklike kanten. Geart is net sosjalist om't er alderhanne pamfletten lêzen hat, mar om't er út eigen ûnderfining wit dat in ienfâldige fiskerman neat yn te bringen hat yn in troch it kaptaal regearre maatskippij. En Kniertje is sa goed as bôle, mar is dat no net krekt har grutste tekoartkomming? Mar it is net allinne it drama en de sterke personaazjes dy't der foar soargje dat 'Op hoop fan segen' hjoeddedei noch te genietsjen is. Heijermans woe mei syn stik oantoane, dat it kwea net sa sear yn 'e minske sit, mar dat it maatskiplik systeem minsken soms twingt om har eigen belang nei te jeien op kosten fan oaren. Wa't hjoeddedei kranteberjochten lêst oer bestjoerders fan multinationals dy't tonnen ekstra opstrike om't se de winst ferdûbele hawwe troch in peartûzen wurknimmers de dyk op te skoppen, wit dat ek it politike boadskip fan Heijermans noch altyd aktueel is. Jorwert hat 'Op hoop fan segen' nei Fryslân ferpleatst, mar sûnder alderhanne konkrete ferwizingen. Gjin aktualisearringen - en ek net yn 'e klaaiinge - mar dat makket it stik net minder tiidleas. De haadrollen binne stik foar stik sterk beset. Arjen Toering set reder Bos as in flotte fint del dy't net fiis is fan in pear sinten, de Geart fan Tsjerk Kooistra is oprjocht lilk oer al it ûnrjocht dat er meimakket en de Kniertje fan Hinke Wolthuizen is in pittige wyfke. It makket nochris ekstra dúdlik, dat har berêsting net út har aard fuortkomt, mar út de maatskiplike omstannichheden. De lieten fan Peter Sijbenga en Baukje Wytsma slute kwa sfear goed by it stik oan. Guon wyskes skaaie hiel tapaslik wat út nei Kurt Weil, de akkordeon en fioele passe prachtich by de tiid dêr't 'Op hoop fan segen' yn spilet. En dan dat prachtige slotliet. De spiler hopen op in koarte stilte tusken de ein en it slotapplaus. It wie stil.




Leeuwarder Courant - 2004-08-26