JAN JONGSMA Fan it ferneamde realistyske drama Op hoop van zegen dat Herman Heijermans (1864-1924) yn 1900 skreau, binne al hiel wat toaniel- en filmferzjes makke. Woansdeitejûn waard dêr in ferzje oan tafoege: de Jorwerter iepenloftspulútfiering yn de Fryske oersetting fan Jan Schotanus mei lietteksten fan Baukje Wytsma en muzyk fan Peter Sijbenga en Sytze Pruiksma. It ferhaal fan Op hoop fan segen is fansels oerbekend. Heijermans hat de misstannen yn de fiskerij oan ’e ein fan de 19de ieu oan de kaak stelle wollen. It is it ferhaal fan de mei minskelibbens djoer betelle fisk, wêrby’t de ‘segen’ allinne mar weilein is foar de reder. It is ek it ferhaal fan Knier en oare fiskersfroulju, dy’t ûnderfine hoe’t de fiskerij slachtoffers easket. Benammen Knier wurdt swier troffen: se moat man en al har bern oan de see priis jaan. Yn syn stik hekelet Heijermans benammen it hanneljen fan de reder. Dy fersekeret in net betroubere logger, neffens de skipstimmerman ,,in driuwende deadskiste’’, goed en stjoert de boat dan de see op. Dat dêrby tolve bemanningsleden gefaar rinne, deart him net. As it skip fergiet, kin er in fiks bedrach útkeard krije. En de Op hoop fan segen fergiet, it safolste drama yn it fiskersdoarpke. De Jorwerter ferzje fan it rûnom bekende stik is de muoite wurdich. As besiker wane jo jo bytiden hielendal net yn de notaristún, mar echt oan see. No ris net in útfiering fan trije bedriuwen yn it keammerke fan Knier en ien yn ’t kantoar fan reder Bos, sa as yn de orizjinele ferzje, mar in dekôr dat it byld opropt fan in fiskershaven. Dêryn wurdt op in prachtige wize ek noch plak makke foar Knier har wenstee en it kantoar, mar dy bliuwe hieltiten ûndergeskikt oan it grutte dekôr. Typkes It spyljen mei der wêze en wurdt yn ’e rin fan de foarstelling hieltiten sterker. By Hinke Wolthuizen en Arjen Toering binne de rollen fan Knier en reder Bos yn goede hannen. De jonge Arjen Zwerver set Barend, de jongste soan fan Knier dy’t mei tsjinsin nei see giet, moai del. En der falt te genietsjen fan it spyljen fan Douwe de Bildt as skipstimmerman en Sjoerd Bottema, dy’t de rol fan boekhâlder Kaps kostlik fertolket. Mar ek de oaren spylje net swak by. Guon sette moaie typkes del. Dit jier ris gjin grut spektakel yn Jorwert, mar in stik wêrby’t it echt op it toanielspyljen oankomt. It slagget de Jorwerter ploech om it publyk te boeien, benammen nei it skoft as de emoasjes hieltiten sterker wurde. Dan ek falt der te genietsjen fan prachtige konfrontaasjes, bygelyks dy fan Jo Basteleur (Jannie van der Veen) en de skipstimmerman mei reder Bos. Prachtich binne ek de min-waar-bylden en -lûden, dy’t it kommende ûnheil werjouwe. Mei dat minne waar hie faaks mei lûd noch wat mear dien wurde kinnen. As de minsken thús komme en kleie oer it needwaar, is dêr op dat stuit yn it téater te min fan te hearren. Mar fierder wurdt dit klassike drama mei prachtige lieten en skitterjende gitaar- en akkordeonmuzyk op ’e eftergrûn tige knap fertolke. De yndrukwekkende slotsêne sil by mannich besiker lang op it netflues bliuwe. Foarstelling: ‘Op hoop fan segen’ Rezjy: Romke Toering Plak: Notaristún yn Jorwert Tal besikers: 745 (útferkocht). Oant en mei 18 septimber noch 10 foarstellings. Allinne foar 15 en 17 septimber binne noch kaarten te krijen.