'Kabaret' komt hurder oan as 'Cabaret'


Door SIETSE DE VRIES

Plak: notaristún Jorwert. Foarstelling: Kabaret. Tekst: Joe Masteroff en (lietsjes) Fred Erb. Muzyk: John Kander. Muzikale lieding: Clara Rullmann. Arranzjeminten: Peter van der Zwaag. Dûns: Ingrid Smit-Stoepker. Oersetting: Jan Schotanus. Dekorûntwerp: Durk Kramer. Regy: Romke Toering. Belangstelling: krapoan 150 besikers. Bysûnderheden: folgjende foarstelling moarn en fierder op 6, 7, 10, 14, 16, 17, 21, 23 en 24 septimber. JORWERT - Nimmen sil it dien ha, mar mocht immen justerjûn yn it skoft de Notaristún ferlitten hawwe, dan hie er in hiele noflike jûn hân mei in aardich ferhaaltsje en in oantal fleurige musicallietsjes. It publyk dat oant de ein ta bleau - en dat gou foar elkenien justerjûn - waard werris mei de noas op 'e feiten treaun. Op 'e feiten fan it totalitarisme en fan it fermogen fan minsken om har de eagen te sluten foar alles wat se leaver net sjogge. 'Cabaret', foaral bekend troch de ferfilming út 1972 mei Liza Minelli, Michael York en Joel Grey, spilet yn it Berlyn fan 1931, twa jier foardat Hitler yn Dútslân oan 'e macht kaam. Haadpersoanen binne Clifford Baker, in Amerikaanske jongfeint dy't skriuwer wurde wol, en Sally Bowles, in Amerikaanske nachtklubsjongeres. Wylst de driging fan de nazi's as in tongerbui boppe Berlyn hinget, siket mannich bewenner ferjitnis en fertier yn it dekadinte nachtlibben fol sang, kabaret en begearlik frouljus- en manljusfleis. Yn de oarspronklike ferzje - lykas dy te sjen wie yn 'e film - besteane dy beide wrâlden min ofte mear los fan elkoar. De dekadinsje sit net allinne yn it nachtklublibben, mar hinget ek oer de film as sadanich. Nettsjinsteande de earnst fan it ûnderwerp hâldt de film fan it begjin oant de ein in lichte toets, dêr't sa no en dan it skaad fan de heakenkrusen oer falt. Yn 1995 hawwe de oarspronklike skriuwers en komponist fan de musical harren wurk oerdien. Se hawwe der in oantal prachtige lietsjes bymakke en hawwe it ferhaal in folle steviger struktuer jûn. Dy ferzje spilet Jorwert. Dêryn spilet de driging fan it nazidom net allinne op 'e eftergrûn, mar wurde Sally en Clifford yn har eigen freonerûnte spikerhurd mei de arrogânsje en ûnmeilydsumens fan de brúnhimden konfrontearre. Benammen de ein fan de musical komt dêrtroch folle hurder oan as yn 'e film. Mar dêrmei is net sein dat de earnst juster yn Jorwert oerhearske. De dekadinsje fan it Berliner nachtlibben krijt yn de oanklaaiiing, it dûnsjen en it sjongen skoan syn gerak. Fansels is de goreografy oanpast oan de mooglikheden fan de spilers - Jannie van der Veen is gjin Liza Minelli en Rienk Nicolai gjin Joel Grey - mar troch ekstra dûnsers yn te setten bliuwt de nachtklubsfear goed oerein. Ek yn it spyljen is net besocht om Minelli en Grey te imitearjen. De personaazjes binne wat minder útwrydsk as yn 'e film, mar dat kin ek skoan lije. Om't de nije ferzje dramatysk sterker yn elkoar stekt, komt de naïviteit mear út it ferhaal fuort as út de persoan fan Sally Bowles. Wa't 'Cabaret' net ken wurdt yn Jorwert meinommen troch de muzyk en troch it ferhaal oer de ferhâlding tusken in studearre skriuwer en in lichtsinnige sjongeres, wa't de film ien kear of faker sjoen hat, wurdt ferrast troch alle ferbetteringen dy't - ek al wûn de film acht Oscars - noch mooglik wiene.




Leeuwarder Courant - 2005-09-03