Ut 'e klean yn Jorwert


Door Ytsje Hettinga

'Ik ha hjir noait oars west as mei moai waar' seit in frou achter my tsjin har buorfrou. 'Ien kear in fest mei en no de jas oan. Mar ik tink dat we it wol waarm krije fan 'e jûn'. Jorwert treft it, al moatte guon besikers omride fanwege opbrutsen diken en te wiete parkearterreinen. In âlde swart-reade Mini mei GB op 'e kont stiet besiden it toaniel te wachtsjen as it publyk de tribune beklimt. Nei't in blikken stim ús wolkom ûnder de parrebean winsket belânje we fuortdalik, op it prachtich fuortwurke filmdoek, yn de stêd Sheffield, jierren tachtich. De stêd hat geweldige tiden kind, it brûzjende hert fan de Noard-Ingelske yndustry dêr't in heal miljoen minsken wenne en alle dagen kloften folk hinne gie om te wurkjen en te winkeljen. Mar Sheffield is net mear wat it yn 'e sechtiger jierren wie. De klad is yn 'e stiel- yndustry kommen. Fabriken ticht, massa-ûntslaggen en in fallite stêd. De wurkleaze stielarbeiders binne frustrearre, te mear omt de froulju wol wurk ha en sy in hân yn 'e húshâlding útstekke moatte. Ast as man allinne wennest is it normaal datst ris by de ruten op moatst, mar ast troud bist en se freegje dy wat wurk ast dochst en do moast anderje fan rúthimmelje dan doochst net. Jerry Schofield is skieden, hy kin dreame. Syn maat Dave Wilkison is troud, hy moat ôfwaskje. It falt net ta om as wurkleas man yn 'e stêd om te húsmanjen, fral net ast gjin jild yn 'e kontbûse hast. De froulju ha op 'e tiid in fersetsje, manlike strippers. Dat ynspirearret de stielarbeiders om in positive draai oan harren libben te jaan. Foar Malcolm komt dit momint krekt op 'e tiid, hy is fan in wisse fergassingdea yn syn auto rêden troch de âld kollega's. Dêr't Dave trouwens opslach spyt fan hat as Malcolm him kloatsek neamd. Dave is oergefoelich foar negative opmerkingen omt er bot negatyf oer himsels tinkt. Net allinne hy mar ek de oare fiif moatte hiel wat oer harren selsbyld oerwinne. It duorret lang foart se yn Jorwert út 'e klean binne. Dan bin je hiel wat fermaaklike audysjes en repetysjes fierder mar dan ha je ek wat. De froulju út Sheffield binne út 'e skroeven, de froulju op 'e tribune net oars. Manlju heard men minder. Mar dy binne no ienkear net sa útbundich as de oare sekse út 'e klean giet. De seal yn Sheffield siet bomfol. Dizze hearen fertsjinje gjin lege stuollen yn 'e notaristún lyk as freedtejûn want se ha der hurd foar wurke. En hâld je minder fan bleat dan binne it de linige taal, de teare mominten en moaie bylden, dy't in reis nei Jorwert de muoite wurdich makket. Der komme noch waarme jûnen.




Friesch Dagblad - 2006-09-04