'Dûbele Nelson' ferhaal fan wanhoop en leafde


Noch in pear dagen en Jorwert is wer klear om it publyk te ûntfangen by it Iepenloftspul. Dit jier bringe de topamateurs fan Jorwert ûnder lieding fan regisseur Tjerk Kooistra it stik 'Dûbele Nelson' yn 'e Notaristûn. Kooistra soarget der foar dat ek de lêste puntsjes op de i steane en dat alles kloppet. It stik wurdt tusken tongersdei 30 augustus (premiêre) en 22 septimber tolve kear opfierd. Dûbele Nelson is in ferhaal fan fêstsitte en losbrekke, fan wanhoop en leafde, fan underdog en held, fan izeren wetten en romantyske idealen. It bestean yn de bak komt yn in hegere fersnelling mei't de direkteur foarstelt om wer in sjo yn te studearjen mei de kliïnten. Oan de hân fan de foarstelling: Nelson de Musical, wurket it stik yn in rige fan hilaryske en ûntroerende sênes nei in tige ferrassend slot ta. Dûbele Nelson is basearre op de film Lucky Break. De film is de basis, mar it is in typysk Jorwerter stik wurden. Dus mei mear kontrasten, mei werkenbere sênes en one-liners, dat prachtich útkomt tsjin it dekor fan de Notaristún. De rollen wurde spile troch top-amateurs út Jorwert en omkriten, mei âlde bekenden as Douwe de Bildt, Sybrecht Speerstra en Rienk Nicolai, mar ek mei nije gesichten. De kaarten foar Dûbele Nelson binne no al te keap fia ynternet (www.teletickets.nl) en by de ANWB/VVV-kantoaren fan Ljouwert en Snits, Warenhuis van der Velde yn Wommels en by it Jorwerter doarpskafee 'Het Wapen van Baarderadeel', fuortendaliks neist de notaristún dêr't Dûbele Nelson opfierd wurdt.




Leeuwarder Courant - 2007-08-23