Wat is de oerienkomst tusken in gefangene en in toanielspiler? As it goed is wolle se beide ûntsnappe, beide fuort. De gefangene wol letterlik fuort: de muorre foarby, wylst de akteur mentaal flechtet yn in oar personaazje en nei in oare realiteit. Dit jier wurde gefangene en toanielspiler ien yn Jorwert. Wy binne al moannen drok dwaande mei de tariedings foar Dûbele Nelson, dat him ôfspilet yn de âlde konservative Ingelske finzenis Long Rudford. Op de B- fleugel sitte de gefangenen dy’t foar langere tiid opsletten binne. Kriminelen sûnder perspektyf, lju mei in grut ferline mar in lytse takomst. De stimming fan de detinearden besmet ek dúdlik de emoasjes fan it personiel: der is yn Long Rudford gjin wille. Alles feroaret as de direkteur foarstelt om toaniel te meitsjen. Dan kinne de mannen ûntsnappe oan de realiteit. En miskien wol net allinne oan de realiteit? Om dy ‘wish to escape’ sjen te litten, hat in entûsjaste en betûfte bouploech in wiere finzenis yn de tún delsetten. Eins heart it wat raar en tsjinstridich: in finzenis yn in tún... Ticht tsjinoer iepen... Beheind tsjinoer frij... Mar ast de frijheid yn de fierte sjochst - de tún, de beamen, it gers – of hearst – fûgels, bern, in trein – fielt it finzen wêzen noch aakliger. De fierte, de hoarizon is in etalaazje fan in winkel dêrst net komme meist. Dan wolle je wol ûntsnappe... Wy wolle jo dit jier yn ús finzenis yn de tún de oerienkomsten tusken gefangenen en toanielspilers sjen litte: wy ûntsnappe en nimme jo graach mei yn ús flucht.