Krekt acht jier wie ik doe’t ik foar de earste kear nei it Iepenlofstpul yn Jorwert mocht. Om’t myn jongere broerke Hindrik oars ek mei woe, hie ús heit betocht dat ik krekt dwaan moast as oft ik op bêd gie. Nei in minút of tsien, kuchte ús heit ûnderoan de trep, sadat ik wist dat ik it bêd wer út moast. “Wat dochsto”, frege Hindrik. “Ik moat pisje”, liigde ik, net wittend dat letter bliken die dat ik dat better wol dwaan kinnen hie. Us heit strûpte gau myn spikerbroek oer de pyama hinne, die my in trui oan en de winterjas waard fan de kapstok helle. Yn de auto lei ús heit my fan alles út oer Jorwert, Romke, in toer, in parrebeam, in notaris. Yn de tún wie rûnom in dekor makke en yn it midden wienen inkelde hûnderten draaistuoltsjes pleatst, sadat de besikers de loopkes fan Bommel en de Frisomanen yn de rûnte belibje koenen. Om’t ik krekt net by de grûn koe, holp ús heit my myn fokus dêr te krijen dêr’t it de bedoeling wie. Nei noch gjin healoere fernaam ik it bekende gefoel fan pisje moatten. Us heit fûn dat ik it noch mar even ynhâlde moast, mar tsien minúten letter slagge dat ek net mear. Doe’t in sêne oan de oare kant fan de rûnte spile waard, kuchte ús heit en sprinte ik yn de rjochting fan it poadium. Ienkear op it toaniel, ferpleatste Tom Poes har yn in razend tempo myn kant op. De ljochten boppe my gienen oan en sa stie ik as achtjierrige jongen samar op toaniel, yn it folle ljocht. Ferbline troch senuwen, stie ik inkelde tellen stokstiif, foar’t ik úteinlik de oare kant fan it toaniel ferliet. Nei’t ik ien kear pisse hie doarde ik net wer werom en ik hoegde dat ek net sa nedich, ik stie yn de kûlissen fan It teater en dat befoel my wol... Letter dy jûn makke ik Hindrik wekker om te fertellen wat my oerkaam wie. Hy moat tocht hawwe dat ik it dreamd hie en miskien wie dat wol ek sa. Ik dreamde dy nacht dat ik op it toaniel stie en foar de earste kear helle ik de droech de wekker.