‘Dûbele Nelson’ hat dûbel gesicht


Door Jan Eekma

Gean der mar oanstean. Je foargonger hat tritich jier regisseur west fan it iepenloftspul fan Jorwert. Yn dy tritich jier ha se yn Jorwert grutte suksessen meimakke. Ûnder lieding fan Romke Toering is in ‘Jorwerter styl’ fan teater meitsjen ûntwikkeld en súksesfol wurden. Dan binne je 28 jier, je ha net in protte ûnderfining mei regy en nimme de regy fan it Jorwerter iepenloftspul oer. Je moatte mar doare. Tjerk Kooistra hie de moed en naam de útdaging oan. Hy wol it risiko nimme dat der troch spilers en publyk sein wurdt dat Toering it better die. En as se dat net sizze, wurdt der miskien sein dat hy Toering kopiearret. En dan kiest er ek noch foar Dûbele Nelson. In stik dat baseare is op in senario fan de film Lucky Break. In film ûnder regy fan Peter Cattaneo. Dat wie ek de regisseur fan The full monty, dat Jorwert ferline simmer ûnder lieding fan Toering opfierd hat ûnder de titel Alles út. Wolle je noch in gruttere útdaging? It stik spilet him ôf yn in finzenis. De direkteur, Grace Mortimer, is fan doel de finzenen in musical ynstudearje te litten oer de ferneamde Ingelske seeheld Nelson. Dy musical moat dan opfierd wurde op ’e boppeste ferdjipping fan de finzenis. De kriminelen sjogge harren kâns. Fanôf dy ferdjipping kinne se miskyn wol ûntkomme. Yn de foarstelling wurdt in twadde foarstelling spile, nammentlik de musical. Dat is foar de regisseur, de spilers en it publyk in lestige opjefte. Wat is spul en wat is spul yn it spul? It moaiste resultaat is eins dat je as publyk oan it ein troch it spul yn it spul, rekke wurde. Foar it skoft wie it tempo te leech. Der wie te min enerzjy. Ik tocht by mysels: ‘se sjogge it net sitten’. De earste bylden binne moai en jouwe ús in byld fan it libben yn in finzenis. Mar de agressie en de spanning tusken de finzenen en tusken de finzenen en it personiel is net echt. It sil de spanning fan de premjère west ha. Hjoed is it grif folle better. Kompliment Nei it skoft komt de gong der yn. Dan slagje Kooistra en syn spilers der yn ús mei te nimmen en op moed te kommen. Der binne prachtige rollen fan Sjoerd van Beem as Darren, Wybo Smids as Lenny en Douwe de Bildt as Cliff. Respekt foar Rienk Nicolai as Jimmy Hands dy’t humor, fertriet, twifel en eangst yn syn net maklike rol leit. In prachtige sêne is dy fan Jimmy by it lyk fan syn selgenoat. Mar de moaiste sêne, dy ik noch lang foar my sjen sil, is dy fan de dea fan Nelson. Nicolai en Emiel Adema meitsje der mei de oare spilers in skitterende, humoristyske en oangripende sêne fan. In grut kompliment foar Kooistra en syn ploech. Sy fertsjinje folle tribunes. Foarstelling: Dûbele Nelson (baseare op de film ‘Lucky Break’) Regy: Tjerk Kooistra Plak: Notaristún, Jorwert Tal besikers: goed 250 Noch te sjen: 31 augustus en 1, 5, 7, 8, 12, 14, 15, 19, 21 en 22 septimber




Friesch Dagblad - 2007-08-31