Jorwert.nl


Door Tjerk Kooistra

Fansels wurdt ek yn Jorwert tsjinwurdich mear en mear de Digitaal sprutsen. Ofwol: in bulte kommunikaasje fynt plak fia e-mail en ynternet. Earste bewurkingen fan it nije stik, notulen fan de bestjoersgearkomste, skema’s foar spilers, planningen foar technyk, strategyen foar de PR-ploech; it berikt ús allegearre oer de digitale snelwei. De slúf mei postsegel is ferfongen troch dy iene druk op de knop. Ek hawwe wy by it iepenloft al jierren i n ynternetside dêr’t alle ynformaasje oer it stik fan dit jier te finen is, mar tagelyk krije jo op jorwert.nl in blik op de souder fan 53 jier iepenloftspul yn de notaristún. In database oan foto’s, nammen fan spilers, spullieders, bouploegen, ferhaaltsjes, alles wat jo witte wolle oer Jorwert doe en no is op ús side te finen. Dêrnjonken bestiet de mooglikheid om jo kaartsjes foar Dûbele Nelson te bestellen op jorwert.nl. Sadwaande hoege je net 'oeren' oan de telefoan te hingjen, mar kinne je gewoan op de side oanklikke wannear’t jo nei de tún wolle. Lokkich fynt der ek gewoan noch in hiel soad kommunikaasje plak wêrby’t wy elkoar yn de eagen sjen kinne. Toaniel is dochs ek gewoan elkoar yn de eagen sjen en dan makket it net út oft jo no jo tsjinspiler, it publyk of de wierheid oansjogge. Wy sjogge elkoar yn de eagen sûnder tuskenkomst fan ynternet of e-mail. In groep dy’t de Digitaal net praat, mar mei de hannen namste mear seit, is de Bouploech (bewust mei haadletter skreaun). Wat dy dit jier wer delsetten hat, giet eltse grins foarby. Wat in bealch fol wurk, mar wat sjocht it der wer prachtich en ymposant út. Soks stiet net mei dat koarte drukje op dat lytse knopke. Wy wolle jo de kommende moanne graach yn it echt yn de eagen sjen en prate yn de tún gewoan de taal fan it toaniel, sa’t dy dêr al mear as fyftich jier sprutsen wurdt.




Op 'e Skille - 2007-08-16