Jan en Marja Schotanus boartsje mei taal


Door Hinne Bokma

Easterwierrum – Se boartsje mei taal. Skriuwe, oersette en korrizjearje. Fan moarns ier oant faak let yn de jûn. Harren wurkromte is in smûk hûs fol mei boeken. Jan en Marja Schotanus út Easterwierrum hawwe tegearre DAT tekstbureau. Jan Schotanus is al sechtjin jier as oersetter ferbûn oan it iepenloftspul yn Jorwert. Harren omfangrykste klus is dit jier op syn ein rûn: de gearstalling fan China-Y. In Ingelsk boek fan 720 bledsiden mei in omskriuwing fan 675 Sineeske karakters. “Wy hawwe der fiif jier mei oan de gong west. It wie in idealistysk projekt”, sa fertelle Jan en Marja. De skriuwer fan China-Y, keunstner Hans van den Broek Kisling út Frjentsjer, hat yn it boek sa’n 675 Sineeske karakters omskreaun. Jan en Marja ha der foar soarge dat it boek der kreas út komt te sjen. China-Y giet ynkoarten nei de drukker. It boek is ryk oan yllustraasjes. “Alle Sineeske karakters ûntstiene út bylden.” Jan Schotanus is yn Fryslân bekend fan syn Fryske berneboeken. Yn de ôfrûne jierren binne der acht berneboeken fan him ferskynd. Syn earste berneboek wie In Swalker op ‘e kust, dat yn 1983 útkommen is. Schotanus, dy’t earder skoalmaster wie oan de Gielguorde yn Mantgum en oant july fan dit jier ien dei yn de wike oan de iepenbiere basisskoalle It Pertoer yn Weidum foar de klasse stie, skriuwt net allinne boeken, mar set ek boeken oer yn it Frysk. Sa hat er twa boeken fan Roald Dahl fan it Ingelsk yn it Frysk oersetten. Jan en Marja hawwe in protte yn Ingelân reizge, harkje in protte nei de Ingelske radio en lêze in protte Ingelske boeken. Sadwaande is de taal harren net frjemd. Neist it Ingelsk behearskje Jan en Marja ridlik it Frânsk en Dútsk. It oersetten fan in boek is net samar fertale, it moat eins net werkenber wêze dat it boek út in oare taal komt. “De Nederlânske fertaling fan de boeken fan Harry Potter binne dêr in moai foarbyld fan. Ik fyn de Nederlânske fertaling moaier as it Ingelske orizjineel”, sa seit Marja. Leit Jan him ta op it skriuwen en oersetten, Marja docht mear redaksje- en korreksjewurk, mar se hat ek in hiel oantal harkspultsjes foar Omrop Fryslân skreaun. Tegearre folle se elkoar goed oan. “Marja is betûft yn it neisjen fan teksten. Se hat in goed fotografysk geheugen, dat har dêrby goed fan pas komt”, seit Jan. “It is goed foar Jan dat der ien mei in frisse blik tsjin syn tekst oansjocht”, sa folt Marja oan. Se lêst net allinne it wurk fan Jan, mar docht ek yn opdracht fan tredden korreksjewurk. Ta har klantekring hearre útjouwers, reklameburo’s en tekstskriuwers. Bedriuwen litte û.o. harren jierferslaggen by DAT tekstbureau korrizjearje. No’t Jan Schotanus net mear foar de klasse stiet, komt der mear tiid frij foar it skriuwen. Sa komt der yn 2008 in nij berneboek fan him út. It iennige dat er oer dat boek kwyt wol is dat it in detektive is en spilet yn Amearika. Ek wurket er noch oan it lêste fan de nije Fryske taalmetoade Studio F fan de ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin. Neist in rige lesboekjes is der in webside, dy’t noch fierder ûntwikkele en korrizjearre wurde moat. Ek hat er mei Marja trije dieltsjes Fokus Fryslân skreaun oer ferskillende parten fan de Fryske skiednis. Dy boekjes binne yllustrearre troch Carla van der Heijde út Akkrum, de frou fan Rients Gratama. Jan en Marja binne echte boekewurmen. In boekwinkel sille se nea sa foarby rinne. Harren grutste hobby is it lêzen fan boeken. Jan hat him de lêste tiid talein op it lêzen fan wittenskipsboeken, wêrby’t de klam leit op biology, fysika en natuerkunde. “De wrâld is hiel fassinearjend. Ik fyn it prachtich om mear te witten fan de ûntwikkeling fan it libben op ierde.” Yn kader Jan en Marja Schotanus binne al sechtjin jier belutsen by it iepenloftspul yn Jorwert. As oersetters fan de stikken en as byhâlders fan de webside. Tolve kear sette Jan in stik oer fanút it Ingelsk, ien kear wie dat út it Dútsk en trije kear út it Nederlânsk. Faak leit der al in Nederlânske fertaling. Mar om foar te kommen dat de Fryske ferzje te fier ôf komt te stean fan de orizjinele ferzje wurdt it stik troch Jan en Marja út de oarspronklike taal wei oersetten. Jan Schotanus makket diel út fan de lêskommisje fan it Jorwerter iepenloftspul. Dizze kommisje jout oan hokker stikken yn de notaristún spile wurde. Neist regisseur Tjerk Kooistra en oersetter Schotanus bestiet de lêskommisje út Douwe de Bildt, Sybrecht Speerstra, Anja Abma en Tamara Schoppert. De kommisje komt ien kear yn de seis wiken byinoar. “Yn it oersetten sit in protte kreativiteit. It giet net allinne om de sprutsen tekst, mar ek om de lieten”, seit de oersetter. As foarbyld hellet Schotanus de musikal Cabaret oan, dy’t twa jier lyn yn Jorwert spile is. It foel doe net altiten ta de ferskes yn it Frysk sa klinke te litten sa as se ek yn it Ingelsk klonken. “De muzyk is der, de tekst moat der op makke wurde.” Dat betsjut dat de oersetter ek wol wat muzikaal wêze moat. “De tekst wurdt sjongendewei oersetten.” Sa geandewei de repetysjes wurdt der troch de regisseur oan de tekst sleutele. Dat bart yn de measte gefallen yn oerlis mei de oersetter. Regisseur en oersetter arbeidzje tegearre op. “It stik fan dit jier ha Tjerk en ik tegearre bewurke”, seit Schotanus.




Op 'e Skille - 2007-08-30