Perfeksje en premiêre


Door Tjerk Kooistra

De spanning fan it meitsjen fan toaniel binne de kontinue fragen dy’t jo jo stelle ûnder en nei de repetysjes: hoe sjocht dit derút, hoe heart it, hoe komt it oer en hoe wurdt it begrepen? Je binne fan april ôf dwaande mei de teksten, de handeling en de bylden dúdlik, moai, logysk en begryplik te krijen. En soks giet de iene repetysje better as de oare kear. Oan de simmerstop ta wurkje wy oan de grutte lijnen, de teksten, de rollen, de beleving, de mise-en-scène. Nei de simmer kinst alles perfeksjonearje yn it úteinlike dekor mei technyk (ljocht en lûd), klean en special effects. Krekt dan meitsje je geweldige stappen, gigantyske sprongen. Hoe sterker it fûndemint is dat wy foar de simmer meitsje, hoe wylder en mâler wy nei dy stop dwaan kinne. No hawwe wy dy lêste twa wike ek in geweldige progresje makke, al siet net alles mei. Mei namme it waar liet ús faak yn de steek. Oardel wike lang hat it no en dan reint, spielt, stoarme, ûnware. Net dat wy neat dien hawwe op dy jûnen, mar it is wat ûnrêstiger, gaoatysker as winsklik. Lokkich herstelde it waar him de lêste wike en koenen wy yn ‘alle rêst’ wurkje oan de lêste feroarings en de rûtine yn it spyljen. No’t it stik yn ús eagen stiet en wy it oandoare om dat sjen te litten oan it grutte publyk, komt it momint datst antwurd krijst op de fragen dy’tst dysels de hele tiid stelst. Hoe sjocht it derút, hoe komt it oer en hoe wurdt it begrepen? Hoewol’t ik it my wol ôffreegje, sit ik der net oer yn oft dy fragen in posityf antwurd krije: Wy hawwe der ôfgryslik hurd foar wurke en mei wy bedoel ik Spilers, Bouploech, Technyk, Klean en elkenien dy’t him mar ynsetten hat foar Dûbele Nelson. Wy wolle jo de kommende wiken graach sjen litte wat wy bedoele mei de ‘befrijende krêft fan drama’.




Op 'e Skille - 2007-08-30