Befrijende krĂȘft fan drama yn Jorwert


Door Fedde Dijkstra

Jorwert - Wat is der ynienen te rêden yn de finzenis fan Long Rudford? Rûge kriminelen binne softe types wurden dy't pruken opsette, ferskes sjonge en dûnskes ynstudearje. It is om mei Brecht te sprekken 'de befrijende krêft fan drama' dy't oare minsken hân harren makke hat, sa wurdt dúdlik yn 'Dûbele Nelson'. Dy befrijende krêft wolle guon graach hiel letterlik nimme. Troch mei te dwaan oan in musical oer de seeheld Nelson, yn in minder befeilige part fan it kompleks, hoopje se útnaaie te kinnen. It Jorwerter iepenloftspul is basearre op de film 'Lucky Break' (2001) fan Peter Cattaneo - deselde fan 'The Full Monthy', dêr't Jorwert ferline jier mei útpakte. Dizze edysje is dêrneffens miskien wat minder útskroeven, wat yn n finzenis net sa nuver is, mar der is dochs hiel wat mooglik binnen de muorren fan de bajes, dêr't amateur-ynbrekker Jimmy Hands bedarret nei in mislearre bankoerfal, tegearre mei syn maat Rudy. Jan Schotanus en regisseur Tjerk Kooistra binne aardich frij omsprongen mei de filmferzje. In goed ding, want in notaristún is gjin bioskooopskerm - elk hat syn beheiningen én syn eigen mooglikheden. Der is ek romte makke foar mear frouljusrollen. In moaie tafoeging is it 'manwiif' Candy, dy't net te hanthavenjen wie op de frouljusfleugel. De direkteur fan Long Rudford is hjir ek in frou: Grace Mortimer, in karriêredame dy't it dreger hat mei puberdochter Marian as mei de bajesklanten. Se hat ek in stikeme passy, nammentlik amateurtoaniel. Se leaut yn in twadde kâns foar kriminelen en hopet dat dy troch it toaniel loskomme kinne út harren fisieuse sirkel. Sa komt it dat de finzenen oan de slach geane mei har stik: 'Nelson de musical'. Ta ôfgrizen fan bewaker Perry, dy't neat ha moat fan sa'n poppekast, ek net fan froulju yn manljusberoppen trouwens. Hy hat al gau yn de gaten dat guon gedetinearden sa harren eigen motivaasje hawwe om mei te dwaan. De frijhied lokket, ek foar de slûchslimme Jimmy Hands. Yn syn haadrol fan Horatio Nelson kin hy it boppedat hieltyd better fine mei terapeute Annabel dy't bombardeaerre is ta syn tsjinspylster, Lady Hamilton. Mar dat stelt him wol foar nije problemen. Tsjin it prachtich foarmjûne sellenkompleks mei stekken en bewakers makket de Jorwerter ploech der in fermaaklike foarstelling fan. Dy is foar it skoft noch wat flak, mar komt nei it skoft better op gong as de musical mear ôfwikseling yn it gehiel bringt en der fierder wat mear romte komt foar 'fjoerwurk'. Der komt ek wat mear spanning yn troch de ûntwikkelings. Foar safier it soms wat ynspanning freget om dy te folgjen, mei dat besjoen wurde as learjild. De nije regisseur lit yn elts gefal alfêst sjen dat er hiel wat út 'e wei sette kin mei syn spilersploech, dy't mei in kostlik ferskaat oan types kleur bringt yn de treurige wrâld fan muorren en traaljes. De net al te útwrydske oanpak leit de klam op it spyljen en dêryn sitte ek de moaiste mominten dy't je as taskôger bybliuwe. De skitterende sêne mei Rudy, dy't yn syn rol fan Hardy de stjerrende Nelson in tút jaan moat, is dêr ien fan.




Leeuwarder Courant - 2007-08-31