‘Dûbele Nelson’ yn de túnpreek


Door Dûmny Klooster

Ik wit net at jim it stik al sjoen hawwe. Sels haw ik tiisdeitejûn sitten te ge-nietsjen fan de try out. En it skript haw ik fansels lêzen. In moai stik, moai dekôr en goed spile, dat wie myn yndruk. Fansels sit ik altiten mei de fraach: Wat kin ik hjirmei foar de túnpreek? Ik bedoel: hokfoar djippere of ûnderlizzende gedach-ten sitte deryn, dy’t ik brûke kin foar de preek fan oansteande snein yn de tún. Ik moat sizze dat dat eins noait in probleem is, ek dit kear net. Der sieten komyske stikken yn, mar ek oangripende stikken. Karakters en site-waasjes waarden hjir en dêr op in hiele treffende wize delset. Ien fan de meast oangripende mominten fûn ik wol de sêne dêr’t Cliff syn frou en famke op besite hie. Yn it stik Dûbele Nelson liket it yn earsten dúdlik, hoe’t de ferhâldings binne. Der binne finzenisboeven, minsken dy’t stik foar stik feroardield binne fanwegen in fergryp tsjin de maatskippij. En der binne respektabele minsken dy’t op dat folk passe moatte. Mar geandewei krije de minsken in gesicht en komme de karakters dúdliker nei foaren. En it aardige is, dat it oarspronklike en simpele skema fan goed en fout hieltyd bysteld wurde moat. Sa blykt de finzenisboef Cliff (spile troch Douwe de Bildt) in man te wêzen dêr’t gjin kwea yn sit. Earder in gefoelich minske, dy’t it by de hannen om’t ôf brutsen is. En de oppasser Perry (spile troch Sjoerd Bottema) is in uterst ûnsympatyk man, in hurdenien mei in bytsje minsklik gefoel. Ik woe mar sizze: Wa is goed en wa is ferkeard? It heucht my noch dat wy jierren ferlyn op in gemeentejûn in sprekker hienen, dy’t as pastor wurke yn de finzenis yn Ljouwert. Sa’n man oan it wurd te hearren is fansels nijsgjirrich, benammen omdat dan dúdlik wurdt, dat in finzene ek in minske is. In minske lykas jin. En as men jin echt ferdjippet yn de ferhalen en de eftergrûnen fan minsken, dan makket jin dat in stik mylder. Ik bedoel: ferkearde dieden moatte feroardield wurde, mar in minske as minske feroardielje en ôfskri-uwe, dat is wat oars. Grace Mortimer, de direktrise seit dan ek: In minske moat in twadde kâns krije kinne. Minsken drage maskers en binne fakentiids hiel oars as dat se har foardogge. Efter in masker fan frommens en fatsoen kin soms hiel wat oars sitte. Sa is der in hiel soad skynhilligens, dat net daliks oan it ljocht komt. Wylst oarsom mins-ken dêr’t men in hiel negatyf byld fan hie, ynienen hiel oars en hiel sympatyk nei foaren komme kinne. Ik tink dat dat hjir oan de oarder is. Sa is ommers de werklikheid en sa is it lib-ben. Wês dêrom sa wiis, om it einichste oardiel oer minsken oan God oer te lit-ten. Dyselde gedachte trof my ek yn it stik ‘Dûbele Nelson’. Amen.




Túnpreek - 2007-09-02