Twa masters tsjinje is ek yn Jorwert noedlik


JORWERT - Twa masters tagelyk tsjinje, je moatte it mar oandoare. Of der gewoan oan begjinne, net mear werom kinne en dan mar sjen hoe fier je dermei komme, lykas Truffaldino yn 'De feint fan twa masters'. Jorwert hat it oandoard it bekende stik fan Goldoni yn in bysûndere útfiering te bringen. In klassyk blijspul yn in modernistyske jas: eins tsjinnet Jorwert ek twa masters tagelyk. Dat is bytiden knap noedlik, krekt lykas foar Truffaldino. It kin ommers op in pynlike spagaat útdraaie, mar Jorwert komt der úteinlik goed foarwei. Al bliuwt it in kwestje fan smaak en binne der mominten dat it derom spant. Mar regisseur Romke Toering hie al oankundige dat Jorwert fan't jier in eksperimint oangiet: ,,Wy sille oan it lêst ta dwaande wêze mei út te sykjen hoe't it eins moat.'' It skynt dat de spilers alle jûnen better op gleed komme. Benammen foar it skoft rûn it juster wol. It earste part is sûnder mis it ferrassendst. Dan sjogge de taskôgers har de eagen út op it dekor mei wiete planken flierren, wetterbakken, lange gerdinen dy't as treintsjes oer de rails hinne en wer rangeard wurde. Dan is der samar dy hakketakmuzyk, mei aaah- en oooh-koarkes, perkusje en klanken fan de fûkepot oant de synthesizer. Dan falle op it toaniel oeral noch ferburgen grapkes op, moaie stikjes byldrym en fermaaklike figuranten. Nei it skoft sakket it in bytsje yn. It nijs is der wat ôf, de gong der wat út. Dan driuwt it stik foar in grut part op de snoade grappen, de ferwikkelings en de plot: op de krêft fan it blijspul fan Goldoni. Hy wie de man dy't de maskers fan de commedia dell'arte oan de kant die en Italiaanske akteurs mei harren gesicht spylje liet. Dat pakt goed út mei Rienk Nicolai yn de rol fan de feint, want hy is in master yn it lûken fan ferhearde en ûnnoazele gesichten. Mei syn draaierij hat Truffaldino elk te fiter, mar benammen himsels. Hy wit net hoe't er it hat as er ynienen ûntdekt: ,,Ik bin de feint fan in frou!'' Flau wurdt it net, mei troch it krûdige taalgebrûk fan oersetter Jan Schotanus. Fermaaklik binne de slapstickeftige aksjes dy't bytiden oan de stomme film tinken dogge, lykas it Chaplin-huppeltsje, of it bochtsjend hinne en wer draven as de feint syn twa masters tagelyk it iten optsjinnet en tuskentroch sels ek noch in hapke sline wol. It Jorwerter eksperiment mei foarm en muzyk sil mooglik net elk oansprekke. Mear as oare jierren is it in kwestje fan persoanlike foarkar: de iene master hat no ienris leaver dit, de oare dat. Mar it stiet Jorwert te priizgjen dat it by syn 49ste edysje net kiest foar maklik súkses. In bytsje Italiaanske bravoer is net ferkeard. FEDDE DIJKSTRA Plak: notaristún Jorwert. Barren: premiêre iepenloftspul 'De feint fan twa masters', fan Carlo Goldoni. Oersetting: Jan Schotanus. Rezjy: Romke Toering en Marijke de Vlas. Muzyk: Peter Sijbenga en Sytze Pruiksma. Dekorûntwerp: Durk Kramer. Belangstelling: 750 minsken (útferkocht). Bysûnderheden: noch alve foarstellings oant 14 septimber, alles útferkocht




Leeuwarder Courant - 2002-08-22