Oan de kant


Door Tjerk Kooistra

It wie lang lyn dat ik in foarstelling fan it iepenloft yn Jorwert sjoen haw. De ôfrûne jierren die ik nammentlik sels alle kearen mei as spiler. It wie dan ek wol wennen om dit jier wer op de tribune plak nimme te moatten. Goed: de ôfrûne moannen hie ik it al ûnderfûn om net mei te dwaan, mar ûnder repetysjes en try-outs bist wol dwaande, bist aktyf dielnimmer oan it proses. En ik tink faak noch wol mear ast as spiler oan de gong bist. As ien kear de útfieringen begjinne, kinst net mear yngripe. Alteast: net dalik. Fansels kinne je yn it skoft en foar alle foarstellings it ien en oar kwyt oan de spilers, mar net mear sa as mei de repetysjes. It is net sa dat ik no as taskôger passyf op de tribune sit, dêrfoar kin ik it stik, de teksten, de mise-en-sêne en bylden te goed. Fansels wit ik wat der komt en hoopje ik dat it publyk it ek sjocht, begrypt, opfalt en dat se har fermeitsje en no en dan laitsje. Ik let dus op sawol spilers en spul as op publyk en reaksjes. En as beide – spilers en publyk - elkoar te pakken hawwe, bin ik tefreden en kin ik my even deljaan. Ik haw alle sênes fan it stik, tink ik, wol hûndert kear of mear sjoen en de lêste moannen in kear as tsien mei publyk en ik moat sizze: ik sjoch alle kearen wer oare saken en fermeitsje my eltse jûn wer. Ik hie lang net op de tribune sitten yn Jorwert, mar ik kin it elkenien oanriede!




Op 'e Skille - 2007-09-12