In populêre film bewurkje ta iepenloftspul is net om ’e nocht. It risiko is grut dat it publyk dat goed mei de film op de hichte is, wit wêr’t it ferhaal hinne giet en dat de spanning en oandacht fuortsakket. Dochs wist Jorwert justerjûn fan begjin oan’t it ein de minsken yn ’e besnijing te hâlden mei Jou my wjukken. In bewurking fan de film As it is in heaven troch Jan Schotanus. De film giet oer de wrâldferneamde dirigent Daniël Daréus dy’t nei grutte súksessen in hertkwaal kriget en yn kognito werom keart nei syn bertedoarp. It doarp wêr’t er ferskûle yn in beam fioel spyljen learde. Al gau krijt Daniël de lieding fan it tsjerkekoar, dat in bysûndere ûntjouwing meimakket. It kriget wjukken en sjongt de stjerren fan ’e himel. Stadichoan fertelt elk koarlid syn geheim. Op tal fan plakken is de film As it is in heaven bejubele. Wol set it in karikatuer del fan de tsjerke as in hypokrite mienskip wêr’t je net ta je doel komme kinne. Nee, neffens de film en ek it iepenloftspul komme je dat pas as je lústerje nei josels. De tsjerke hat ôfdien en dûmny is in skynhillige mei seksboekjes yn syn bibel. Trouens: dûmny Tsead hie gjin echte bibel yn syn hannen, mar in dikke roman. Nuver, want in bytsje each foar detail mei der dochs wol wêze. Boppedat, der waard ek om raak flokt yn it stik. Dus út piëteit mei de kristenen net in echte bibel brûke, kin dus gjin argumint wêze. Jou my wjukken spilet him ôf yn in trochsnee Frysk doarp fan anno no. It dekôr is in grutte rûne tafel mei in kleed wêr’t de kaart fan Fryslân op tekene is. Om de tafel steane allegearre stuollen. En fansels wurdt gebrûk makke fan de natuerlike eleminten fan de tún, sa as beamen. It is allegearre hiel sober. Gjin yndrukwekkende dekôrstikken sa’t wy yn it ferline wol sjoen ha, mar inkeld in grutte rûne spielflier. Mear hoecht ek net. Knap om it sa beheind te hâlden. Gjin spektakel Fierders ek gjin spektakel yn Jorwert. Gjin technyske keunststikjes. Wol moaie, mar ek wer sober gebrûk fan ljocht. Sels de klean fan de spilers wiene sober en dat is eins it grutste minpunt. Alle koarleden seagen derút oft hja klean oan hie fan foar de oarloch, wylst it stik delset wie yn dizze tiid. De mobile telefoan fan sakeman Anne gie op’t lêst nochal ris oer. Nei it skoft hiene de froulju ûnder har aldwrinzige klean lokkich noch wol in moderner setsje oan. Oer it spyljen en sjongen oars net as lof. Elkenien siet goed yn syn rol en sette dy treflik del. Der wiene ferskate hiele moaie en oandwaanlike mominten, sa as yn it begjin doe’t alle koarleden nei Daniël seagen oft er harren wol liede woe. Mar ek doe’t Gabriëlla har geweldige solo songen hie en it publyk spontaan har in steande ovaasje joech. En fansels it yngripende slot doe’t it publyk stadichoan allegearre stean gie as wiene se opnommen yn de film. As wiene se sels ûnderdiel wurden fan it iepenloftspul. Foarstelling: Iepenloftspul ‘Jou my wjukken’ Plak: Notaristún, Jorwert Belangstelling: 420 minsken Rezjy: Tjerk Kooistra Noch kaarten beskikber op: 22, 13 en 30 augustus en 4, 6, 12, 13 en 19 septimber