Underskieding foar Adema Ășt Jorwert


Door Hinne Bokma

Johannes Adema út Jorwert is freedtejûn, nei ôfrin fan de foarstelling fan it iepenloftspul yn de Notaristún, keninklik ûnderskieden. Adema (82) is beneamd ta Lid in de Orde van Oranje-Nassau. Adema set him al sûnt 1954 foar it Iepenloftspul yn. Fierders wie en is er aktyf as frijwilliger foar ûnder oaren de begraffenisferiening, de tsjerkerie, it doarpshûs, de iisklub, de âlderenbûn en Tafeltje-Dekje. Johannes Adema makket al jierren diel út fan de bouploech fan it iepenloftspul yn Jorwert. Fan april ôf binne de bouwers dwaande yn de tún fan de notaris wat moais del te setten. Mar ek foarôfgeand oan en tidens de foarstellings is der genôch wurk foar de bouploech. It publyk moat nei de tribunes begelaat wurde. Adema sit sûnt 1980 by de bouploech.




Op 'e Skille - 2008-08-22