It Iepenloftspul Jorwert, dat ôfrûne simmer 'Jou my wjukken' foar it fuotljocht brocht, hat trije Gouden Gurbes yn de wacht sleept. It iepenloftspul krige de publykspriis, de prijs foar de bêste foarmjouwing en de prijs foar de bêste byrol. De Gouden Gurbe foar it bêste iepenloftspul gong dit jier nei 'Amadeus' fan Dronryp mei in dikke njoggen foar regisseur Karin Idzinga út Baaium. De Gouden Gurbe is in inisjatyf fan de Ljouwerter Krante. De sjuery bestie dit jier út Nynke Heeg, Wiesje Jansma en Pieter de Groot. De prizen waarden sneontemiddei yn De Harmonie yn Ljouwert útrikt. Yn totaal hawwe ôfrûne simmer 16.000 besikers fan de iepenloftspullen yn Fryslân in stim útbrocht. De publykspriis kaam foar de helte ta stân op basis fan dizze 16.000 stimmen. De oare helte wie basearre op de stimmen fan in geheime lekensjuery, dy't alle njoggen stikken besocht hat. De priis foar de bêste byrol gong nei Romke Gabe Draaijer. Hy spile yn Jou my Wjukken de rol fan Wouter, it lichaamlik en geastlik gehandikapte jonkje. Neffens de sjuery hie hy fan alle iepenloftspullen de swierste byrol. Hy spile dy rol sa ûntroerend echt en hâlde dat de hiele foarstelling konsekwint fol. De sjuery beleane it idee fan de grutte rûne tafel yn de notaristún yn Jorwert mei de Goude Gurbe foar de bêste foarmjouwing. "Je moatte der mar opkomme: in geniale fynst", oardiele de sjuery