It iepenloftspul fan Jorwert stiet dit jier net foar in ienfaldige opjefte. It falt ommers net ta om Jou my wjukken te oertreffen, de foarstelling fan ferline jier (basearre op de suksesfolle film As it is in Heaven) dy’t tige entûsjast ûntfongen waard en leafst trije Gouden Gurbes wûn. Nei alle gedachten is dat ek net it doel fan regisseur Tjerk Kooistra en syn spilers, mar fêst stiet dat de ferwachtings dêrtroch heech binne. Jorwert hat mei Tuskentiid (ûndertitel: je moatte der yn leauwe) op ’e nij keazen foar in stik basearre op in film. Dizze kear is dat Alles is liefde, dat wer in bewurking is fan de Ingelske film Love actually. Ferskate ferhaallinen rinne dêryn troch inoar, ferhalen oer (leafdes)relaasjes dêr’t elts syn eigen problemen én dreamen yn hat. It jout in wat nûver gefoel om op dizze moaie neisimmerjûn it sicht te hawwen op in dekor mei sûkelarjeletters en letter op ’e jûn sels ‘Dag Sinterklaasje’ te sjongen. Mar Tuskentiid spilet him, krekt as Alles is liefde, ôf yn sinteklazetiid. Dêr is hiel bewust foar keazen. Dy tiid stiet yn it stik foar it leauwen: it leauwen yn mearkes, yn de leafde en yn it no. Je moatte net allinnich mar wachtsje op dy iene wiere leafde, dy perfekte baan of it skip mei jild. Dêrtroch sjogge je net wat je hawwe en rinne je foarby oan it lok dat foar it gripen leit, sa is dit jier it boadskip fan Jorwert. Sintrale figuer yn Tuskentiid is ferteller Eddy, dy’t de spilers alle kanten op dirigearret en in protte nocht hat as alles mis rint. Dêrmei hat Jorwert foar in ferrassende en originele foarm keazen. In foarm dy’t it stik oerein hâldt, want ferteller Eddy - fantastysk spile troch Wybo Smids - soarget derfoar dat de boel net fersloppet. Oerienkomsten De oandacht ferslopje litte, kinne jo jo as taskôger trouwens ek net permitearje by Tuskentiid. Der rinne sa’n protte ferhaallinen troch inoar, dat jo moatte - benammen yn it begjin fan it stik - de kop der goed by hâlde. Wa’t Alles is liefde sjoen hat, hat it wat dat oanbelanget makliker. Neffens de oankundiging fan it iepenloftspul soe Tuskentiid yn ’e fierte basearre wêze op de film; yn ’e praktyk binne der in soad oerienkomsten. Fan Alles is liefde hat regisseur Kooistra mei syn jonge spilersploech in toanielstik makke mei in protte humor en prachtige fynsten. Der sit in soad gong yn en it tema fan de film wurdt ek op in moaie wize oerein hâlden. Troch de 23 spilers wurdt der bysûnder goed spile. Benammen de al earder neamde Wybo Smids, Douwe de Bildt (ynfal-Sinteklaas Anne) en Oane Swart (homo Douwe) fertsjinje in grutte plom. In grut komplimint ek foar klaaister Dianne Bonnema dy’t soarchfâldich de klean gearstald hat. In hiel palet oan grientinten, it sjocht der werklik prachtich út! It dekor is krekt as ferline jier, ienfâldich hâlden. Der wurdt spile op kolossale sûkelarjeletters dy mei elkoar it wurd leafde foarmje. Is it tafal dat krekt de letters A F oerein steane en L E E D op ’e grun lizze? De spilers stroffelje dêrmei hast letterlik oer harren eigen leed, liket it wol. Moai. i Iepenloftspul ‘Tuskentiid’ yn ’e notaristún fan Jorwert, rom 400 besikers, noch tsien kear te sjen oant en mei 29 septimber