In betide Sinteklaas yn grien Jorwert


Door Fedde Dijkstra

Plak: notaristún, Jorwert. Foarstelling: iepenloftspul ‘Tuskentiid’. Regy en bewurking: Tjerk Kooistra. Oersetting en bewurking: Jan Schotanus. Dekorûntwerp: Ekko de Bakker. Muzyk: Clara Rullmann en Peter van der Zwaag. Belangstelling: goed 400 minsken. Folgjende foarstellings: moarntejûn, 4 septimber (útferkocht), 5, 10, 11, 12, 18, 19, 25 en 26 septimber. JORWERT – Winkels dy’t te betiid sinteklaazje, meitsje de bern fergees oerstjoer. Mar is it beswierlik dat in iepenloftspul yn de neisimmer oer Sinteklaas giet? Fansels net. It is teater en by teater kin alles. ‘Tuskentiid’ spilet yn Sinteklazetiid en giet oer de leafde. Mei de leafde is it krekt lykas mei Sinteklaas. Je moatte der yn leauwe, oars stelt it neat foar. As it om de leafde giet, is it skande om tiid te fergriemen. Je kinne wol wakker hingjen bliuwe yn it ferline, of wachtsje op wat komt, mar wat dogge je yn de tuskentiid? Dêr giet it rûchwei om yn it nije Jorwerter iepenloftspul. It binne deselde útgongspunten as de súksesfilm ‘Alles is liefde’ dêr’t it Jorwerter stik neffens de makkers losjes op basearre is (en dy is wer ‘losjes’ basearre op ‘Love actually’ út 2003). Dat ‘losjes’ is ek in kwestje fan deryn leauwe. It anagram yn de sûkeladeletters fan it dekor is as knypeach dúdlik genôch. Goed, de televyzje-yntocht fan Sinteklaas is yn dit gefal net yn Amsterdam, mar yn in Frysk stedsje. Likegoed is der ynienen in sikkeneurige ynfalsinteklaas dy’t it publyk hielendal ynpakt, in rol dy’t ‘good old’ Douwe de Bildt wol tabetroud is. It eigene fan it Jorwerter stik sit – njonken in tal kostlike taalfynsten - foar in grut part yn de figuer fan Eddy, spile troch Wybo Smids. Hy nimt it publyk mei yn syn fantasij, hy boartet mei de wurklikheid, hy ferpartet de rollen en narret en pleaget syn 'akteurs’. Je fiele as taskôger al gau oan hoe’t it úteinlik beteare sil mei de ferskate spantsjes, mar Eddy docht der alles oan om it sa lang mooglik spannend te hâlden. It publyk moat foar de ferskillende lokaasjes syn ferbylding oansprekke. Foar wa’t net weromgripe kin op de film, sille der sadwaande wol wat losse eintsjes en fraachtekens oerbliuwe by it Jorwerter stik. Dat komt foar in part op rekken fan Eddy, dy’t mei nocht oan ûnnocht yngrypt yn de relaasjes en sa tagelyk de ferklearring is fan wat ûnoannimlik liket. Hy is ek de figuer dy’t mei syn troufoto begjin en ein ferbynt, wat it ferhaal kreas rûn makket. It is moai om te sjen hoe’t Jorwert de klam leit op lyts, yntym, sober, op ferjonging en wille yn it spul. Guon talinten spylje de stjerren fan de himel en yn de fleurige oanklaaiing (moaie woartels!) liket it grien de ferjonging te ûnderstreekjen. Tagelyk bliuwt diskear it gefoel wat hingjen dat der yn de djipte mear te heljen falt. Leafde is alles, mar dochs is der ek mear. Likegoed is it in kostlike Sinteklazejûn, en dat yn augustus.





Leeuwarder Courant - 2009-08-28