Yn Jorwert is it al sinteklazetiid. It iepenloftspul, dat dizze wiken yn de notaristún spile wurdt, giet oer Sinteklaas. Ôfrûne freed wie de premjêre. In prachtige foarstelling en in dei letter moaie resinsjes yn de beide Fryske deiblêden. De kaartferkeap komt no ek goed op gong. Twa jûnen, freed 4 septimber en sneon 26 septimber, binne al útferkocht. ,,It giet no wol hiel hurd mei de ferkeap fan kaarten”, seit saaklik lieder Immie Jonkman. Foto: Guus van de Sande