Douwe de Bildt hast fjirtich jier op it toaniel


Door Gerbrich van der Meer

In opfallend jonge ploech spilers stiet moarn op ’e planken by de premiêre fan Tuskentiid, it iepenloftspul fan Jorwert. Douwe de Bildt (58) kuieret dêr as nestor noflik trochhinne. Al hast fjirtich jier draait de publyksleaveling yn de cast mei. 'It falt my op dat dizze generaasje o sa gretich is. Se binne hiel konsintrearre dwaande. Hiel profesjoneel. Dat wie yn myn tiid oars.' Troch Gerbrich van der Meer "Ik siet dy jûn krekt oan ’e taap yn it kafee’’, fertelt Douwe de Bildt, "doe’t Wibe Koldyk de doar binnenstapte. Hy gie neist my sitten en bea my in drankje oan. Doe kaam de fraach; oft ik meidwaan woe oan it iepenloftspul.’’ Hy laket. "Dy man koe minsken op in prachtiche manier paaie. Koldyk hie yn de fyftiger jierren it iepenloftspul oprjochte en wie noch hieltyd gongmakker. Ja, en mei in slokje op giet dat faak noch wat makliker.’’ No wie De Bildt as jongkeardel al faak te finen by it iepenloftspul. "’k Holp mei it fersjouwen fan ’e dekorstikken of it bouwen fan ’e tribune. In rol lake my ek wol oan.’’ Dat hy frege wie, wie in needoplossing, hearde er letter. "Yn in hiel let stadium hie Kees Thijssen ôfsein. Dat fûn Pyt van der Zee fansels net sa aardich. Op stel en sprong moast der no in oarenien fûn wurde. ’Ik haw no in spiler nedich, Wibe. Do rêdst dy der mar mei’, hie Pyt sein. En sa kaam Wibe yn kafee ’t Wapen van Baarderadeel telâne.” Wy sitte noch bûten yn ’e tún, mar no begjint de loft dochs echt te belûken. It is tongersdei yn ’e neimiddei. Yn it hiele lân is in waaralaarm ôfkundige. It is bot brodzich. De wyn hellet oan en de parasol begjint ûnrêstich hinne en wer te gean. Nei binnen ta, konkludearje we. Soe de rippetysje fannejûn noch wol trochgean? De earste rippetysje ûnder lieding fan Pyt van der Zee smakke nei mear, fertelt De Bildt as we binnen in plakje by de tafel fûn hawwe. "Ik krige in boekje yn ’e hannen drukt mei ien namme fan in personaazje ûnderstreke. Dy wie foar my. Al myn tekst moast ik ynkleurje en út ’e holle leare.’’ In crime foar De Bildt. "Ik ferjit samar wat, of draai sinnen om. ’k Haw wol hân dat se tochten dat ik it mei sin die, mar dat wie net sa.’’ It wie net om ’e nocht dat De Bildt oeral syn spykbriefkes yn it dekor te hingjen hie. En dat is yn ’e rin fan ’e tiid net better wurden. "Ik moat noch altyd skoften op ’e tekst omstinne.’’ It werhâlde him net te spyljen. Mei in lyts roltsje yn Yn ’t eibertsnêst rôle de ûnderwizer ûnferwachts de toanielwrâld binnen. In fanatike en talintearre spilersploech wachte him op. ,,In prachtploech wie it’’, fertelt de toanielspiler. "Jan Arendz, Romke Toering en syn broer Arjen sieten der ek by. Dy earste twa binne letter by Tryater bedarre. Oft dat net wat foar him west hie. "Toanielspylje op amateurnivo is my bêst genôch. Ik wie soms ek gewoan bang foar rollen, hear. De emoasjes dy’t ik spile wiene soms sa sterk. Dan tocht ik: ‘aanst stean ik hjir noch echt te janken’.’’ Letter hearde er dat dat ek wol by oaren barde. "Ferjit net dat ik altyd ‘nee’ sizze kin as in toanielstik my net oanstiet”, giet er fierder. "As professional kinne je dat net dwaan. En it is ek prachtich wurk om skoalmaster te wêzen!’’ Mei nocht stiet Douwe de Bildt al tritich jier yn Easterwierrum oan skoalle, op dit stuit as master fan groep 3, 4 en 5. Dêr lit it toaniel-firus him ek net los. Om ’e twa jier skriuwt er in ‘musikal’, "sis mar in toanielstik mei muzyk foar groep 1 oant en mei 8’’. In happening. "En it moaie is dat ik de rollen spesjaal op de bern skriuwe kin, omdat ik se ken.’’ Hâlde De Bildt fan de toanielrippetysjes, net minder fan de neisitten. "Dy miks fan toaniel-en gesellichheidsferiening is in ferslavende kombi.’’ Om dat gefoel winters fêst te hâlden krige er al gau ferskillende funksjes yn it bestjoer. Letter kaam dêr in sit yn de lêskommisje by. "Doe’t ik mei in pear oaren yn it begjin fan ’e tachtiger jierren krityk hie op de kar fan ’e toanielstikken fan it bestjoer waard de bal al gau werom ketst: ‘Dan dogge jimme it sels mar.’’’ En sa bedarren de kritikasters yn in lêskommisje dêr’t De Bildt noch altyd mei in soad plezier yn sit. Don Quichot yn Fryslân út 1984 wie harren earste kar. In skot yn ’e roas wie De bochel fan de Notre Dame út 1991, "de earste grutte musikal dy’t wy útkeazen en foar de fuotljochten brochten.’’ Yn dat jier begûn de gekte fan de run op de kaarten. It wie foar de lêskommisje de start fan in rige musikals. In hichtepunt foar it publyk, mar ek foar de spilers is noch altyd Anatevka út 1995. "Doe foel alles op syn plak, hat Romke Toering letter wolris tsjin my sein.’’ Dat wie foar De Bildt net oars. "Dat ik de haadrol krige, wie al bysûnder. Ik hie ek wat mei dy rol. Anatevka hie fiif dochters, ik haw der sels twa. En dan dy prachtige jiddyske muzyk mei Hylke Tromp op it dak as spylman...’’ Mar ek op de musicals Myn leave Lyske (1993), Oliver! (1997) en Zorba (1999), sjocht De Bildt mei in soad nocht werom. De lêste tiid siket de lêskommisje faker films út. "Ja, dat hat ek mei Tjerk (Kooistra, regisseur iepenloftspul Jorwert-gvdm.) te krijen’’, seit De Bildt. "Hy is hiel fisueel ynsteld en hat in soad mei films. Hy is ek fan in oare generaasje. Tjerk kin o sa fluch skeakelje, hat ek in fantastysk gefoel foar taal.’’ De ljochten komme oan boppe de Jorwerter itenstafel. It eazet. "Tsjin sânen bin ik yn it kafee’’, bromt De Bildt yn syn mobyl tsjin Tjerk Kooistra dy’t al yn it kafee sit. De nijste foarstelling Tuskentiid is ynspirearre op de film Alles is liefde. "No, dêr moast ik earst wol even ynkomme, hear, bekent De Bildt. "k hie echt soks fan: dat is fansels sa’n All Stars produksje, dy’t krekt foar de krystdagen útkomt en hege sjochsifers helje moat. No, ik leaude it wol.’’ Ien fan syn dochters helle him lykwols oer de streek. "‘Heit’, belle se, ‘dy film fynst moai. Ik wit it seker’.’’ En it wie sa. "Kim van Kooten hat prachtige rake teksten skreaun oer it dwaan en litten fan de fjirtigers. It is werklik hiel knap hoe’t se dat yn ’e taal fan ’e strjitte fêstlein hat.’’ Alles is Liefde is basearre op de Ingelske film Love actually. Tjerk Kooistra en Jan Schotanus makken der in Jorwerter fariant fan: Tuskentiid, mei as ûndertitel: ‘je moatte der yn leauwe’. In prachtige titel, fynt De Bildt. "It jout hiel moai oan dat de weardefolle mominten net yn it ‘doe’ en ‘letter’ te finen is, mar krekt yn it ‘hjir’ en ‘no’. Yn ’e tuskentiid. "Mar je moatte der wol yn leauwe, ek troch der aktyf wat oan te dwaan.’’ Tuskentiid is in ferhaal fan seis jonge stellen dy’t allegearre op eigen wize fertize reitsje yn harren relaasje. Sintrale figuer yn Tuskentiid is de ferteller, dy’t nocht hat oan ûnnocht en de spilers alle kanten op dirigearret. Oant it momint dat it him by de hannen omt ôf brekt en de spilers harren libben wer yn eigen hannen nimme. It ferhaal spilet him ôf yn Sinteklazetiid, fertelt De Bildt. "It mediasirkus út Hilversum is delstrutsen yn in Fryske stêd om ferslach te dwaan fan de yntocht fan Sinteklaas.’’ Hysels krige de rol fan ynfaller fan Sinteklaas dy’t syn eigen trageedzje meitôget. "Doe’t syn jonkje trije jier wie, naaide er út sûnder noch nei syn húshâlding om te sjen. Syn frou woe neat mear fan him witte en woe ek net dat er noch kontakt hawwe soe mei syn soan. Ja, en no hat er spyt...’’ Hy is net de iennige dy’t misse stappen set hat. "Al dy fjirtigers yn it stik jeie drok it lok nei, mar sjogge net dat it foar har teannen leit. Alles moat hurd, hurd, hurd. Twa banen, dûbele hypteken, leaver fjouwer as trije kear op fakânsje, in pear bern derby fansels, alles moat moaier as moai. It libben is sa drok en yngewikkeld wurden dat se gjin tiid mear hawwe om te sizzen: ik hâld fan dy.’’ En dat easket syn tol. Wat dat allegearre mei him docht, dy’t sels in skieding achter de rêch hat. De Bildt sjocht stil foar him út. "Miskien haw ik ek wol te min tsjin myn eks sein dat ik fan har hâlde..., tink ik.’’ It bliuwt efkes stil. "Nee, dat wit ik’’, seit er dan beret. Hoe’t it fielt om as âldere tusken al dy jonkys te sitten? De Bildt laket. "Op de earste rippe-tysjes freegje se noch: ‘sil ik ek wat kofje foar jo meinimme’ En as se hearre dat ik yn 1972 foar it earst meidie falle se fan har stoel. Doe wiene sy faak noch net iens berne. Se binne ek wolris ûnseker. ‘Doch ik it sa wol goed of hast noch tips’, freegje se dan. "It falt my op dat dizze generaasje oars geweldich gretich is”, giet er fierder. "Se binne hiel konsintrearre dwaande. Hiel profesjoneel. Dat wie yn myn tiid wol oars. ‘Schmieren’ wie yn ús tiid in favorite sport: in oar letterlik fan it stik bringe. In oare tekst sizze, krekt in oare klam lizze, in gekke bek lûke, dat wurk, sadat de oare gnize moat. No, dêr is hjir gjin sprake mear fan. Dat wolle je ek net as se der sa serieus mei dwaande binne.” Yn in stjalpende rein ride we nei it kafee ta. It wjerljochtet ferfaarlik boppe Jorwert. Yn ’e boppeseal fan it kafee sit de spilersploech yn kostúm en mei mikrofoantsjes opplakt te wachtsjen op better waar. "De mole fan Wommels stiet yn ’e brân’’, meldt ien dy’t krekt binnen stapt. De buienradar seit dat it pas om njoggen oere droech wurdt.” As De Bildt fuort giet foar de schmink, gryp ik myn kâns. Hoe is it no om mei sa’n rasspiler te spyljen? De jonge spylders dy’t noflik mei elkoar de tiid trochkomme, stekke rap fan wâl. "Ferline jier die ik foar it earst mei”, begjint Wybo Smids. "Doe seach ik wol by him op, mar nei twa, trije wiken spyljen wie dat fuort.’’ Ja, dat gefoel werkenne de oaren. Nee, skodhollet Wiepkje Castelein, se merke net in soad fan it ferskil yn jierren. "Hy strielet yn ’e rippetysjes in soad rêst út”, bringt Piet Douma yn, "dêr fiel ik my hiel noflik by”. "En it is ek wol noflik dat hy de teksten net hiel gau út ’e holle ken’’, falt Doete by. Dan tink ik ‘as hy it noch net wit, dan falt it noch wol wat ta’. Hy kin ús oars noch wolris de gek oanstekke. Binne je drok oan it spyljen, lûkt hy wer in gekke bek.’’ Oer ien ding binne se it folslein mei elkoar iens: it is foaral in leuke fint, in echte ‘knuffelheit’. Douwe de Bildt gniist as ik him dy gekkebekkelûkerij letter ûnder de noas wreau. "Ach witst, ik kin it soms gewoan net litte.’’ Waar of gjin waar, om healwei achten begjint de rippetysje. Bijneed yn ’e boppeseal fan it kafee. Efter in tafeltsje nimt in entûsjaste Tjerk Kooistra yngeand it skript troch mei de spilers. Dêrnei wurdt droech, sûnder muzyk, de Sinteklazesêne oefene. Mar dan wurdt it dochs echt droech. Buienradar kriget gelyk, it is njoggen oere. It dekor, opboud út in stik of fiif sûkelarjeletters, leit yn ’e notaristún al te wachtsjen op de ploech. It toanielljocht stiet útnoegjend oan. Kooistra sjocht op syn horloazje en giet beret stean. "Oer seis, sân minuten bûten klearstean, jonges. Dan begjint de trochrin!’’





Friesch Dagblad - 2009-08-28