JORWERT – Net faak sil in feest sa yn it wetter fallen wêze as de fiifensechstichste jierdei fan hotelier Hylke. Soan Christian grypt de gelegenheid oanomde pynlike wierheid oer de ynsestueze praktiken fan heit út in fier ferline yn yn it ljocht te setten. Noch minder faak sil in iepenloftspul sa yn it wetter fallen wêze as ‘It feest’ justerjûn yn Jorwert. By it wolkomswurd fan foarsitter Harry Kaspers wie it noch aardich droech, mar it like wol oft it elke sêne hurder begûn te reinen. Nei oardel oere hie gjin spiler of taskôger mear in droege tried oan it liif. ‘Festen’ is net allinne in ynsestdrama – dy binne der wol mear - it is ek in film dy’t makke is neffens de regels fan in ploechje Deenske filmregisseurs, Dogma 95. Dy regels – gjin muzyk, alles opnimme mei ien hânkamera, gjin attributen dy’t net by de lokaasje hearre ensafh. - is hiel bepalend foar de film. De skokkerige, faak dizenige bylden jouwe de taskôger it gefoel dat er tsjûge is fan in echt, troch in omke of neef opnommenfamyljedrama. Dat bewuste amateurisme kin in toanielregisseur net folle mei fansels. Regisseur Tjerk Kooistra brûkt wol filmbylden – de kamera stiet midden op ’e feesttafel – mar dy hawwe as funksje om it ynderlik fan benammen heit Hylke bleat te lizzen. Dat wurket. As soan Christian oankondiget dat er wat fertelle sil oer de avontoeren fan heit yn bad laket de hiele famylje, mar de kamera registrearret feilleas de earsteûnwissens yn de eagen fan de troch Douwe de Bildt spile heit Hylke. Noch pynliker is as fierderop yn it stik heit en soan neist elkoar sitte, en oant yn elk detail op de beide gesichten te lêzen is hoe bot se har bêst dogge om elkoar net oan te sjen. Foar it oare hat Tjerk Kooistra him neat fan de Dogma-regels oanlutsen. Op mominten dy’t har dêrfoar liene spuie de lûdsprekkers de muzikale desibellen by’t amerfol oer it publyk út, de lêste gong fan Hylke wurdt sels smoard yn weeïge romantyske pianoklanken. Dan wurdt de ellinde wol hiel bot estetisjearre. Seremoanjemaster Helmut, pake en Hylke’s frou Els dogge der alles oan om de pynlike feiten hieltyd sa gau mooglik ûnder it tafelkleed te skowen. Dêryn docht it Jorwerter toaniel, krekt as yn gâns oare sênes, net ûnder foar de Deenske film. Mar soms slacht de twifel ta. Dy bûtengewoan pynlike slotsêne, as heit nei syn taspraak mient dat er gewoan wer sitten gean kin en dan te hearren krijt dat er fuort moat, wêrom dy fan syn essinsje berôve? En wêrom moat der in soarte fan happy ein oan de film breide wurde? Jorwert is gjin Hollywood. Noch in gelok dat dy bolbjirken oankrûperij fan de slotsêne sa tryst eage yn it reinwetter.