It Iepenloftspul fan Jorwert hat dit jier keazen foar in bewurking fan de film Festen fan de Deen Thomas Vinterberg. In kar dy oanjout dat se yn Jorwert lef ha. En dat is moai. As je gjin hichtefrees hawwe, falle je ek minder gau. De film giet oer in famyljegearkomste yn ferbân mei de 65e jierdei fan in heit. Feest soene je sizze, mar neat is minder wier. De âldste dochter hat har in heal jier lyn tekoart dien. Dat allinne al leit in skaad oer it feest. As de âldste soan fan de heit dan ek noch in taspraak hâldt, wêryn't er in boekje iepen docht oer it ferline fan syn heit, kin der net mear fan in feest praten wurde. Ynsest is no net in ûnderwerp dat in feest noch mear feest wurde lit. De film stiet bol fan lytse emoasjes en & ûnderhúdske spanningen. Hoe bringe je dat oer op sa'n manmachtich publyk yn in grut iepenloftteater? Regisseur Tjerk Kooistra en syn spilers meitsje gebrûk fan in kamera, dy't de spilers sa no en dan close yn byld bringt. Dêrmei freget Kooistra it uterste fan himsels en syn spilers. Der moat skeakele wurde tusken grut en hiel lyts spul. De kamera leit ommers alles hiel skerp fêst en it spul is dan al gau te grut. Iepenloftteater sels freget om folle grutter spul. It wurket en de spilers witte der hiel goed mei om te gean. Der wurdt omraak aktearre en der binne eins gjin swakke skeakels. De ynholden spanning spat der ôf. De iene nei de oare prachtige sêne folgje elkoar op. En yn in heech tempo. Dat kin ek. Troch it dekor draaie te litten giet der gjin sekonde ferlern by sênewiksels. Fan it begjin oan 'e ein is it publyk mûsstil en hinget oan de lippen van de spilers. De spanning wurdt hiel moai opboud nei in hichtepunt, nei foar my ek de moaiste sêne. Nammentlik as Hiltsje, spile troch talint Doete Steneker, de ôfskiedsbrief fan har ferstoarne suster foarlêst. Dan wurkje de setting en de kamera optimaal. Is der dan neat oan te merken op It feest? Jawol. Ik wit net wa't it beslút nommen hat, mar dizze premjere hie nea trochgean mochten. In earste foarstelling heart net yn 'e rein plak te finen, dat kinne je de spilers gewoan net oandwaan. Dat it fan njoggen oere ôf reine soe wie justermiddei al dúdlik te sjen op in &buienradar. Guon spilers wiene sa ferskriklike kâld dat se der fan trilden. Noch sa'n jûn en der is gjin spiler net siik. Respekt foar alle spilers! Spylje as soe it net reine is in hiele prestaasje. Te hearren oan de reaksje fan it publyk nei ôfrin fan de foarstelling fûn elkenien dat. Ik winskje Jorwert noch in pear moaie simmerjûnen, sadat de spilers echt genietsje kinne fan harren prachtige prestaasje.