Pyt hie sein dat it op in pear spatjes nei wol droech bliuwe soe. En ek de buienradar hie gjin minne berjochten yn it foarútsjoch. Dus it koe wol wêze en it bestjoer fan it iepenloftspul joech dêrom grien ljocht foar de premjêre fan It feest. Mar dy pear dripkes, dy’t ús waarman foarspeld hiene, waard letter op de jûn in flinke bui. En it soe net wer droech wurde. Dweiltrochwiet diene de spilers fan Jorwert wat der fan harren ferwachte waard. Spylje. En hoe. Wat in talint dêr yn de notaristún. Wat in aksje. Mei troch it draaiende poadium wie der gjin momint efkes neat te beleven. Handich waard gebrûk makke fan de situaasje. De spilers gliden sels oer it toaniel. Oardel oere lang sieten de minsken op it puntsje fan de stoel. Reinde it? Neat fan fernommen. Pas nei ôfrin fan de foarstelling krigen de Jorwertgongers yn de smizen hoe wiet se wol net wiene. Jorwert spilet dit kear in bysûnder stik mei net in maklik tema. Mar Jorwert lit sjen ek soks oan te kinnen. It giet om in oersetting fan de film Festen fan de Deense regisseur Thomas Vinterberg. Hoteleigner Hylke (Douwe de Bildt) wurdt 65 en pakt út mei in grut feest. De twa soannen Christian (Wiebe Koldijk) en Marten (Wybo Smids) en dochter Hiltsje (Doete Stenekes) binne der ek by. De âldste dochter hat har sels tekoart dien en dat leit in skaad oer it feest. It wurdt net in feest sa’t we dat wend binne. Christian docht in boekje iepen oer de tsjustere kant fan syn heit. Hy wurdt beskuldige fan ynsest. ,,Dochs is It feest net allinne in ferhaal oer de frustraasje, wraak en ôfrekkening. Hoe tragysk en dramatysk alles ek is, der is in grûntoan fan leafde en hoop. Dy moatte je inkeld even fine”, skriuwt regisseur Tjerk Kooistra yn it boekje, dat de besikers foarôf krije. En dan noch even oer de rein op de jûn fan de premjêre. De iene spiler wie nei ôfrin wat kâlder dan de oare. Mar de spilers waarden nei ôfrin waarm fan it entûsjasme fan it publyk. En ek de ûntspanning en ûntlading joegen waarmte. Binne der noch kaarten? Net stinne, der hinne.