Ynsest Festen is it ferhaal fan in famylje dy’t byinoar komt om de jierdei fan de Heit te fieren (65). · By it foargerjocht fertelt de âldste soan dat de heit him ferkrêfte hat. · By it haadgerjocht fertelt er dat de heit syn suster ferkrêfte en fermoarde hat. · By it neigesetsje lêst de jongste dochter de selsmoardbrief foar – krekt weromfûn – fan de ferkrêfte dochter dy’t harsels tekoart dien hie. · Bon appetit! It giet dus oer ynsest en famyljegeheimen. It stik wurdt ek eksplisyt yn de merk set troch de organisaasje en de resinsinten as in stik oer ynsest. Hoewol’t de ynsest it sintrale tema is, hat de heftichheid dêrfan it sicht benommen op in tal oare tema’s dy’t yn it stik oan de oarder komme. Leafde, respekt en kompleksen Sa hat de twadde soan in minderweardichheidskompleks omdat alle oandacht altyd nei de âldste soan útgie en útgiet. De twadde soan docht dêrom noch altyd alle war om it respekt fan de heit te krijen, al is er eigner fan in skeamele patatsaak wylst syn âldste broer in restaurant yn Parys hat. De twadde soan is net troch de heit ferkrêfte (‘sels dêr wiest net goed genôch foar’ seit de heit), mar nei in kostskoalle stjoerd. Wer in oar tema binne de ferburgen mislearre leafdes fan de twa soannen mei twa froulju dy’t op it feest servearsters binne. Alsa komme alle dingen fan binnen dêr’t minsken net folle oer prate op dit feest nei bûten. In fûleinich ekstravert stik By de foarm fan it stik falt op dat net foar in dimmen, ynholden behanneling fan de tema’s keazen is, mar krektoarsom foar in gystene behanneling. Gjin skiere kleuren mar felle! Skynber yn tsjinspraak mei it tema hat de foarstelling in enoarme faasje, in grutte dynamyk, in ûnbidige fitaliteit, heftige ôfwikselingen tusken rêstige sênes en drokke. It toaniel is in draaiskiif mei in foarkant en in efterkant en by it draaien geane de sênes oan de foarkant (it feest) oer yn dy oan de efterkant (keamer fan it hotel). Dêrby wurdt bytiden ek noch hiele … fitalistyske … muzyk draaid, wylst de spilers trochspylje, wat wer bydraacht oan de enerzjy dy’t dit stik útstrielet. It is in enoarm ekstravert stik. By dy ekstraversje slút oan dat der in fideokamera op tafel leit, en dat haadpersoanen dêr út en troch foar steane. Wat se dan sizze, is ekstra ynkringend. Dy fideokamera projektearret nammentlik op in grut skerm fan 5 by 5 meter (rûzing) dat de eftergrûn fan it toaniel is. In moaie fynst. Swarte humor In oar ding dat yn it programmaboekje en by de resinsinten amper behannele wurdt slút oan by de fitaliteit fan dit stik, en dat is de (swarte) humor. Der sitte in ûntyglike soad grappen yn, ek op de djippe ynkringende mominten. Dat jout by de taskôger bytiden in ûngemaklik gefoel want by sokke swiere tema’s mei men fan jinsels hast net laitsje en tagelyk makket krekt dy humor dat men it stik ek net fan jin ôf skoot. Yn alle gefallen makket al dy humor it stik ôfgryslike libben. De rook fan ûntbining fan ús moaie westerske kultuer Ik hie it niis oer dat yn it stik njonken ynsest ek allegear oare ‘pynlike’ tema’s mei swarte humor begelaat wurde. Sa komt ek it tema fan de allochtoanen op it aljemint, en it tema fan kultuer. De jongste dochter bringt har freon mei, in Marokkaan, en dy wurdt troch de twadde soan enoarm yn de seik set. De Marokkaan sels wurdt hast as in nommele wylde delset. Der komt ek in Dútsker yn foar, freon fan de heit, en dy wurdt wer bespotlik makke. Beide klisjees ferswakken de etyske en de kultueranalytyske kant fan it stik. Ik rûkte tusken de alkoholdampen troch de rook fan de ûntbining fan de westerske kultuer. Hollywood ein Opmerklik, yn positive sin wat my oanbelanget, is de lokkige ein fan it stik. Krekt de moed fan de jongerein reaget de âlde heit fan syn sintrale stee. De moarns bekent er skuld, en sels syn frou, hoewol passyf mei ferantwurdlik, giet net mei him mei yn ballingskip. Dêrmei is de heit de ultimate bad guy. Yn him krije wy dan ek gjin ynsjoch. Fan de bern witte wy wat har beweecht, mar wat beweegde de dieder? Let 21:00 Ik fûn wol dat it stik te let wie: om 21:00 begjinne, dat kin net. Dan is men pas tsjin alven klear, wat drinke, neiprate, nei hûs ta ride en men leit pas nei middernacht op bêd. Wêrom net om 19:30 begjinne? No moast ik myn sjauffeuze in bonus betelje fanwege it lette tydstip dat se my nei hûs ried. Sels ha ik gjin rydbewiis, troch my sille de poalkapen net rane. Stik neilêze? Ik soe graach it stik nochris neilêze wolle, mar de behelpsume oersetter Jan Schotanus woe my de PDF fan it stik net tastjoere. Ik moast mar wachtsje oant it yn Tresoar kaam te lizzen, sei er, en as ik mar goed yn myn notysjeboekje skreau, en net by de foarstelling yn sliep foel, soe ik ek net yn de toanieltekst spike hoege. Sadwaande dat ik der wolris wat by fantaseare moast. Miskien hat it mei copyright of embargo’s te krijen. Einoardiel: fantastyske foarstelling Al mei al wie it yn feite in fantastyske foarstelling dy’t gjin momint ferfeelde. De organisaasje fan it iepenloftstik liet neat te winskjen oer, en ik fernuvere my deroer dat sels de lju dy’t needrich wurk diene en programmaboekjes omparten heech oplaat wiene, ik mei wol sizze, fan akademysk nivo. Ik tocht, hokke yntellektuele reuzen meie de oaren dan wol net wêze? Jorwert – de kulturele haadstêd fan Fryslân.