Belibbing fan It Feest


Door Christina Hoekstra

Wylst ik dit stikje skriuw lústerje ik nei de CD fan Muse (=oertinke); by elts stikje musyk sjoch en belibje ik wer it barren fan it feest. Nee, dizze CD hie'k net kocht néí de útfiering, mar krekt de deis d'r fóár, net witende dat dít no krekt dé musyk wie dy't by it Iepenloftspul fan dit jier hearde! Wol hie ik 'ris op strjitte stean te lústerjen en tocht dan "goh, wat in moaie ymposante musyk!" Krige d'r doe sels al pikefel fan. Mar ik wist noch hieltyd net dat it Muse wie, sterker noch, ik hie noch nea fan Muse heard oan't ik in liet fan harren op de radio hearde wêr't troch ik wol nijsgjirrich wurden wie nei dizze band. Dus ik lústerje en de CD keapje. Sit ik de ien-nei-lêste jûn einliks by it Iepenloftspul, troch ûmstannichheden koe'k net earder, en begjint ynienen Múse troch de speakers te spyljen; de mûle sakke my iepen, ik krige oeral 'mieretietsjes' en púzelstikjes foelen op harren plak. Wát moai, foar mý koe dizze jûn al net mear stikken, dít wie sa'n momint dat je it gefoel hiene dat it sa wêze moast. En dan it stik sels..... Krekt foar de 1e foarstelling kaam Festen op televysje, hjir ha'k in stikje fan sjoen, fûn it híel ymposant en heftich en tagelyk krige ik sa'n 'oei-gefoel', "oei, soe dít wol goed komme, sa'n dreech stik mei sokke swiere dramatyk? Is dát wol wêrom 't de minsken nei Jorwert ta wolle? Of soe Jorwert hjir no op ôfrekkene wurde? Mar it antwurd is plan-út ja! Ja, hjír foar komme de minsken sa massaal nei Jorwert, júst foar sa'n stik. Om't de minsken d'r betrouen yn ha, om't hja wol witte dat ot d'r íen Iepenloftspul sa'n emosjoneel stik bringe kin dan is dat Jorwert wol! En harren betrouen waard beleanne. Minsken, wat wie dít moai, wat in 'rollercoaster' fan emoasjes, sawol by de spilers as by it publyk. Ik bin fansels gjin profesjoneel resisint, skriuw fanút myn gefoel, sa ot ík it belibbe ha, ik sjoch net nei ot elkenien wol of net goed de tekst koe of wat dan ek, ik seach en lústere foaral nei 'de ûnderteksten' sa ot de regisseur it sels sa moai ferwurde. It giet om de emoasje, kinne jo dát oerbringe op it publyk. Ik fyn it krekt as mei musyk meitsjen; ot jo dêrmei iets los meitsje kinne by in oar dan ha jo it goed dyn, in ferkeard noatsje hjir of dêr docht 'er dan net mear ta. No, en emoasje oerbringe, dát koene dizze spilers, stik foar stik, om't se ek dúdlik sa goed yn harren rol siten (sa os Doete en Marten dy't harren frijsène moai trochsetten doe't it dekor al wer draait wie!). Se spílen gjin rol, hja wíene harren personaazje, ik tink dat it dêrom somtiden wol hiel dreech foar de spilers wêst hat. Mar dit, yn kombinaasje mei de ymposante musyk, makke it neffens my ta in grut sukses. Fansels wie d'r ek de nedige humor, nedich om't it oars wol híel swier kealjen wie! Humor yn'e foarm fan kwinkslaggen hinne en wer, humor fan Helmuth wa syn taspraak hieltyd sa lullich útkaam, en dan syn "ik bin my d'r eintsje", no en dat wíe d'r! De sènes dy't op my de measte yndruk makke ha wie doe Christian oan syn heit frege wêrom ot 'er it dien hie en doe't heit antwurdde "do wiest nergens oars goed foar ". Ferskriklik. Doe gie d'r ek in skok troch it publyk. En dan it momint dat Christian ek himsels tekoart dwaen woe, hy rân nei boppe, nei it ljocht wylst Muse wer sa prachtich spile, pikefel all-over. rise above the crowd and wade through toxic clouds breach the outer sphere, the edge of all our fears rest with you we are counting on you, spread our codes to the stars, you can rescue us all tell us, what is your final wish, we tell it to the world Mar lokkich koe dit noch keard wurde. Uteinlik waard it feest dochs noch wol in soarte fan feest, in soad minsken hiene no in stien fan harren hert en fielden wierskynlik wol in soad fan ferromming. Heit freget úteinlik 'redemption'. let's start over again, just let us start it over again and we'll be good this time we'll get it right last chance to forgive ourselves Gjin stik dêr't jo blierhertich weikomme, dát net, mar wol mei in soad om te oertinken (=Muse) én te koesterjen. Tige tank en in djippe bûging.




De Hiele Toer (doarpskrante fan Jorwert) - 2010-11-02