2 Gouden Gurbes foar Tuskentiid!
Snein 11 oktober
Justerjûn waard Tuskentiid yn de ôfladen LC-seal fan Stadsschouwburg De Harmonie yn Ljouwert beleanne mei 2 Gouden Gurbes. Nei't alle nominearre iepenloftspullen in fragmint út harren stik sjen litten hienen waard oergien ta de útrikking. Douwe de Bildt mocht de earste Gurbe mei nei hûs nimme, foar de bêste byrol. Regisseur Tjerk Kooistra mocht út namme fan de hiele ploech de twadde yn ûntfangst nimme: De Gouden Gurbe foar it bêste stik fan 2009. Wy binne tige grutsk en bliid en it wie noch lang ûnrestich yn de omkriten fan Jorwert... Lês
hjir it sjueryrapport, sjoch
hjir in filmke en sjoch
hjir de foto's!