De Kloklieder fan Nij Daam wûn oktober 2013 mar leafst trije Gouden Gurbes. Wybo Smids krige de Gouden Gurbe foar de bêste haadrol foar syn rol as Quin. Tjerk Kooistra krige in Gouden Gurbe foar syn foaroprinnen yn de iepenloftspulwrâld. En boppedat wûn De Kloklieder fan Nij Daam ek noch de LC publykspriis! Tige tank foar jim stim!
Fan dit plak ôf lokwinskje wy ek graach de oare winners. It sjueryrapport stiet op de webside fan de LC (sykje op Gouden Gurbe) of hjir te lêzen:
FERSLACH GOUDEN GURBESJUERY – 5 OKTOBER 2013
Doe’t wy fan ’t maitiid frege waarden foar de Gouden Gurbesjuery, waard ús sein dat it om acht iepenloftspullen gong. Mar doe’t wy út ein setten, wiene it der trettjin. In merakel. In part dêrfan foel noch yn de glûpend kâlde foarsimmer. De stikken dy’t yn augustus en septimber opfierd waarden, hawwe profitearje kinnen fan de moaie simmer, in pear reinige riten dêrlitten. En it foardiel wie ek dat de dagen doe al wer begûnen te koartsjen, mei oare wurden it waard de jûns earder tsjuster as yn juny en dat is foar in iepenloftspul allinnich mar in foardiel. Wy hawwe ús by de beoardieling lykwols net troch waar en wyn en ljocht of tsjuster liede litten; earlik sein ha wy it wat dat oanbelanget oer it generaal goed troffen. Hoe lang dat it soms de jûns ek duorre, wy hawwe ús gjin tel ferfeeld en binne ûnder de yndruk kommen fan it wurk dat rûnom foar en efter de skermen troch faak tsientallen frijwilligers levere is om it publyk in tal prachtjûnen te besoargjen. Dêr binne wiken om net te sizzen moannen fan tarieding oan foarôf gien. Alle lof.
Wy hawwe in tal algemien jildende kritearia op de foarstellingen los litten. Hoe oarspronklik is it stik, en is it dat net, is der sprake fan in eigen fisy? Is it tempo, it ritme fan spyljen yn oerienstimming mei de aard fan de foarstelling? Hoe komt dat oer op it publyk, kin men in wikselwurking fernimme? En wat draacht it iepenloftdekor by? Yn hoefier wurdt gebrûk makke fan de natuerlike omjouwing, of wurdt dy heal weimoffele, en hoe leauwensweardich binne de spilers dêryn? Ha se har rol goed begrepen en blykt dat ek út de manier wêrop’t se har op en oer it spylflak bewege - hoe is de mise en sêne? No ja, ik sil jim der fierder net mei lêstich falle, mar leau mar dat it gjin sinekuere is om it iene iepenloftspul 1-op-1 mei it oare te fergelykjen. It klisjee fan de appels, parren en prommen spilet jin algeduerigen parten. Aldergeloks hie ik as sjueryfoarsitter stipe fan yn it fak trochkrûpte lju: Froukje van Houten, ferbûn oan de oplieding dosint teater oan de NHL en al jierrenlang aktyf as regisseur fan amateurtoaniel, en Sander Kalsbeek, teaterdosint en regisseur. Sander is yn it plak kommen fan Ant Koning, yn it fermidden fan amateurtoaniel en iepenloftspul likemin in ûnbekende. Hja moast troch sykte spitigernôch ôfheakje.
Us toernee sette út ein yn Burgum mei Passy of pasta. In weachstik, in Italjaanse film mei as tema homoseksualiteit oerpleatse nei de Fryske Wâlden: dat freget nochal wat fan regisseur, spilers en foarmjouwer. It dekor foel op, benammen troch de nijsgjirrigens prikeljende, yntrigearjende kasten op it toaniel. It miljeu wie goed troffen, mei moaie byrollen fan de beppe, suver en weardich, en de muoike, oan ’e drank en fangefolgen de lollichste fan allegear.
In hiel oar Italjaanske drama yn Frysk bûsformaat seagen wy oan ’e ein fan it seizoen yn de doarpstún fan Snakkerbuorren oer de op- en delgong fan hurdfytser Fausto Coppi. Troch in operasjongeres kamen we yn Italiaanse sfearen.
De foarmjouwer fan De Tynje hie him wakker útlibbe op in pirateskip dêr’t sa’t it like it hiele Tynster folkje in plakje op bemachtige hie. Wêr’t in lyts doarp grut yn wêze kin, dat waard hjirre foargoed bewiisd. Muzikaal en choreografysk wûn de foarstelling it fan it toanielspul, mar it wie dan ek in musical fansels.
Wergea wie mei Sywart de soap útwykt nei Warstiens, dat yn syn gehiel as dekor brûkt waard. Moaier kin net. Der waard treflik spile en musisearre, spitigernôch wat te fier fan de tribune ôf om as taskôger echt diel te hawwen oan it ferhaal. Mar it wie moai betocht, in orizjineel idee.
Natuerliker dekor as de Snitsermar foar in stik oer De Sneker Pan is der net, en dêr spile him it stik oer de skiednis fan dit 100-jierrige skûtsje dan ek ôf. In tankber tema – mar wurkje dat mar ris út yn in iepenloftspul fan in pear oeren. In boek fan hûndert siden lient him der al amper foar. Mar it taaste ús ûnferwachts yn it moed, Dicky van der Werf, Snitser ikoan fan de wettersport, kaam hjir yn syn hiele hear en fear wer ta libben.
De bern fan it iepenloftspul fan Easterwierrum hiene har diskear op Asteriks en Obeliks smiten, gjin maklike opjefte want dy sitte fol mei fyn ynleine grapkes, dêr’t folwoeksen earen faak wol oan hawwe. Dêrom alle hulde, want hja sloegen har der entûsjast troch hinne, it waard, mei dûns en muzyk as ûnmisbere yngrediïnten, wer in feest foar each en ear yn de pastorijtún. Kleurich en fleurich.
Yn Bakkefean besochten se yn Dúndelle de styl fan de commedia dell’arte benei te kommen. Mei fallen en opstean, nokkerjen, wrinzgjen, en hatsjoe-hatsjoeën: wy ha oan Hallbe’s lot wakker wille belibbe. Yn Appelskea hie de toanielferiening it idee hân en fier it 125-jierrich bestean mei in iepenloftspul yn it moaiste iepenloftteater fan Fryslân, it Bosbergteater. Hooplik is har Mallemolen it begjin fan in nije tradysje.
Sa’t op ’e Tynje it hiele doarp yn ’t spier wie, sa hie ek it helte lytsere Mitselwier de mienskip mobilisearre om it iepenloftspul ta in sukses te meitsjen. Wy ha ús yn De smokkelers fan de Skâns de eagen útsjoen op it Breugheliaanske tableau vivant, dêr’t de boartsjende bern sekuer har rol spilen middenmank de stridende partijen, de Frânsen dy’t it doarpke beset hienen en de doarpsbewenners dy’t smokkelje moasten om’t de ymport út Ingelân stillein wie. In foarstelling fol mâlfiten. It plesier fan it mei-inoar spyljen spatte der ôf, en wat hie it Frânske peloton in kordate sersjant, in lust sa’t dy jonge, fan Boelensloane ‘liende’ akteur spile!
Jong talint krige en pakte ek har kâns yn Nij Beets en Jorwert. Yn Nij Beets yn De Reade Loper, in stik opboud út saneamde filmsênes, dy’t stilset en weromspoeld wurde koene en dêr’t mei 7-mylslearzens troch de skiednis fan it doarp en dêrmei fan de feanterij banjere waard. Yn De Kloklieder fan Nij Daam is ûnder oaren Wytske it libbene bewiis dat yn Jorwert, it plak mei de langste iepenlofttradysje, de generaasjes elkoar fanselssprekkend opfolgje. Gjin noed alsa foar de takomst: de jeugd komt deroan.
Ek al moai wat jierren iepenloft-minded is Menameradiel, yndertiid yn Menaam begûn, in kear ferhuze nei de slottún fan it Popta Slot yn Marsum en lang om let definityf te plak rekke achter de Alde Wite yn Dronryp. Dêr wachten wy op in bysûndere, funksjoneel boude terp-mei-dyk de ein fan de wâld ôf. Fernimstich konstruearre, sûnder babbelegûchjes, rjocht en sljocht, sadat de spilers elke meter spylflak benutte koene en it foar it publyk oeral dúdlik nei te kommen wie. As regisseur kinne jo mei sa’n brûkber dekor allinnich mar bliid wêze, en mei sa’n ûntwerper: Tom Reeders. De sjuery hat dan ek besletten de Gouden Gurbe foar de bêste foarmjouwing diskear oan Terpwert fan Dronryp ta te kennen.
Sa – de earste Gouden Gurbe is ferjûn en no binne noch net iens alle iepenloftspullen neamd. Ik moat De Oerfal noch neame, in koproduksje fan Dick Jansen en Tineke Broers. Bysûnder yn mear as ien opsicht. Fanwege it ûnderwerp. De Overval, in histoarysk barren út de Twadde Wrâldoarloch dêr’t inkeld Gerrit Fokkema as ien fan de befrijde finzenen noch in libbene tsjûge fan is. Hy hat op syn jierren, hy is 90 jier, alle jûnen de yn– en útlieding fersoarge en seach it stik mei rjocht en reden as earbetoan oan al dyjingen dy ’t de moed hiene om har libben te weagjen, om, sa’t er sei, ‘’ús út de klauwen fan de SD te rêden’’. De tariedingen, de spanningen, de dilemma’s dêr’t Piet Oberman, de KP-lieder, mei wraksele - se waarden tsjin de eftergrûn fan it libbensechte dekor fan de Ljouwerter finzenis allegear neispile en kamen dêrmei de taskôgers op it moed. Nearne is nei ôfrin, sels dagen letter, sa yngeand oer neipraat as oer dit fjouwertalige iepenloftspul, Frysk, Liwwadders, Hollânsk en Dútsk. De grize gong jin oer de grouwe by de grizelich echte ferhoaren troch de Oberscharführer Arthur Albrecht. Hy bespile alle registers: sa koe hy yn ien muoite, ja yn ien sike, oerskeakelje fan de leafhawwende heit dy’t syn soan yn Dútslân in opmoedigjende brief skreau, op de boal dy’t sûnder pardon in skrikbefel ta eksekúsje joech. Mei syn fenomenale taalfermogen en diksy , Dúts-Hollâns, besoarge hy ús trillingen oer de rêch. De sjuery wie dan ek gau út de rie: Frans Planken hie in byrol, mar in wichtigen ien, en him komt dêrfoar dan ek in glânzgjende Gouden Gurbe ta.
Dan moat der noch wat mear sein wurde oer De Kloklieder fan Nij Daam, in eigen stik, inte op dy oare Kloklieder dy’t neffens de bewurking fan Harry Geelen yn 1991 yn Jorwert spile waard. It tema fan Victor Hugo is fan alle tiden, yn it plak fan de Gebochelde sjogge we de spastyske Quin, mei- in- n- te-min, de stumper dy’t oeral de skuld fan krijt. Mar hy is allesbehalven in stumper, hy is tûk. It doarpke Nij Daam stiet model foar safolle lytse doarpen dêr’t elk syn libbentsje liedt en dêr’t mei in skalk each sjoen wurdt nei nijkommers. It doarpsfeest is it barren dêr’t jo jo doarpsgenoaten pas kennen leare. Alle yngrediïnten sitte der yn: rûzjes, oergeunst, leafde, troubrek, sykte, dea, moard, ja folle net genôch. De humor makket alles draachlik, sij it dat it tal dûbelsinnige grappen wol wat minder koe. De gong sit der de hiele foarstelling goed yn, der wurdt, troch in moaie miks fan âlde rotten en jong talint, goed spile. It dekor, dy útskobere mega- en multytrep dy’t him foar alle doelen brûke liet, wie in fynst sûnder wjergea. Dat wûnder fan technysk fernuft werhelle him oan ’e ein doe’t it kostumearre feest begûn en wrachjes in skâns op dy trep yn elkoar setten waard dêr’t de feestgongers op nei ûnderen rûtse. Fan de ôfrin wurde jo efkes kjel, mar dan beseffe jo ek dat it sjoen it foargeande wol sa beteare moast.
Ta de saak: fan alle haadrollen dy’t wy sjoen hawwe, wie dy fan Quin-mei-in-n-te-min it meast útsprutsen, it meast fassinearjend en it slimst om te spyljen – In hiele jûn oertsjûge Wybo Smids mei moai ynhâlden spul yn de spastyske rol fan Quin. Sa’n rol kinne jo samar sa oansette dat de gefoelige jonge feroaret yn in komysk type – dat wist er knap tefoaren te kommen, en dat is in prestaasje, in hiele jûn lang. Om dy reden achtsje wy Wybo Smids de fertsjinne winner fan de Gouden Gurbe foar de bêste haadrol.
Dan no de Gouden Gurbe foar it nei ús idee bêste iepenloftspul fan dit jier. Dy giet nei it oarspronklik stik dat trije episoaden kleuret út it libben fan in hûndertjierrige. Dat wie genietsjen. Genietsjen foar it each: de wide (Snitser)mar, de boartsjende bern dy’t jin foar it begjin al de yndruk joegen fan it ferline, de skûtsjes, it natuerlik oandwaande dekor mei de húskes op ’e pôle oare kant it brechje, en de fernimstige konstruksje fan in wedstriidskûtsje, flak foar de folpakte tribune, dy’t sa fan tichtby tsjûge wie fan it geskrep fan de bemanning fan de Sneker Pan. En nei it skoft makke it skûtsje even plak foar de seal fan Amicitia, dy’t dêrnei like hurd as er opboud wie, wer ‘ôfbrutsen’ waard. De skûtsjestriid waard ‘yn it lyts’ mei radiografysk bestjoerde boatsjes neibaud, it ferlingen fan it skip om mei de earsten mei te kinnen en úteinlik kampioen te wurden waard humoristysk oplost.
Genietsjen foar it ear: wat in humor, plat en grof sa’t it skûtsjefolk wend is of flau as luzen mar dêrom werkenber kommend út de mûle fan de Snitser middenstân. Mar de iroanyske knypeach ûntbriek net. Frysk, Sneukers en bryk Hollânsk waard linich trochinoar brûkt – alles koe lije yn in woldiedich tempo mei sênewikselingen dy’t jin fan it iene op it oare momint yn in oare tiid brochten. It hûndertjierrich bestean fan de Sneker Pan krige fan begjin ôf oan – fan de Twee nei de Drie Gebroeders nei de Sneker Pan – it folle gerak. De foarstelling, mei twa ploegen sjongers dy’t fan wanten wisten, wie troch Wiesje Jansma op ’en bêsten regissearre: gjin sinekuere. De fersteanberens fan de teksten (fan Bouke Oldenhof) wie tige flyt op dien. Koartom, foar ús as sjuery oanlieding de Drie Gebroeders te earjen mei de Gouden Gurbe foar it bêste iepenloftspul 2013.
Ta beslút ha wy miend in spesjale Gouden Gurbe te bestimmen foar de man dy’t as regisseur fan iepenloftspul in fin mear hat as in bears, ja wol mear finnen. In ideeëman, dy’t ek skriuwer is en fan it stik dat er konsipearret sawol de foarm as de ynhâld fan it sketsmjittige begjin ôf oant en mei it einprodukt kritysk begeliedt. Dy’t him net tefreden stelt mei bewende paden mar hieltyd nije wegen ûndersiket, sa’t wy ek yn Jorwert wer sjoen hawwe: De Kloklieder waard sýn Kloklieder. Chapeau foar Tsjerk Kooistra alsa. Hy sil him grif noch fierder ûntjaan en de Jorwerters en it publyk fannijs ferrasse. Wy wolle him dêrom hjir graach earje mei in persoanlike Gouden Gurbe, as in foaroprinder en foarbyld yn iepenloftspullân.
Pieter de Groot, mei út namme fan Froukje van Houten en Sander Kalsbeek