Annemiek Schuurman: Agressy regulaasje, woedebeheersing en dat soart fan dingen, dat is myn wurk. Ik bin Annabel en wurkje yn Long Rudford as detineardenhelp. Ik bin al jierren psycholooch en no alwer in lytse 5 jier yn dizze gefangenis. Ik kaam hjir te wurkjen nei myn skieding, ik haw my hielendal yn it wurk stoarten, in soart fan flecht de gefangenis yn, sis mar. Moai wurk is it. Oars as oars. Je komme in protte 'ferkearden' tsjin. Yn it begjin moast ik wenne oan de gefangenen mar nei in skoftke wurkjen hjirre kin ik lêze en skriuwe mei de mannen, en froulju. Ik bin meastentiids te finen op de fleugel mei swier bewaakten. Der sitte in protte útsichtleaze mannen en ien frou. Nim no Lenny... hy sil hjir nea wer wei komme mar hat syn draai wol fûn no. It is ek prachtich om te sjen hoe as Roger op Darren past en âlde Bill him oeral by deljout. Wat de mannen allegearre dien hawwe wit ik net altyd en miskien is dat mar better ek. Ik moat (mei) no meidwaan oan de musical, prachtich! Al wie ik der earst net in foarstanner fan dat wy as personiel meidogge. Mar goed it is al gebeurd. De haadrol wurdt spile troch Jimmy, hy is Nelson. Bin bliid dat hy meispilet. Soms makket hy it bêste yn my los, wat dan tagelyk wer myn swakke punt is. Dan wit ik it even net mear. Ik kin Jimmy in soad dingen fertelle, ien fan de mannen dy't ik fertrouwe kin. Soms haw ik wol ris it gefoel dat hy mear foar my fielt... Mar goed, ik mei jûns nei hûs, hy wennet dêr. En boppedat, je moatte wurk en privee skiede... dochs?