Blokhuispoarte of Long Rudford? Yn de film Lucky Break wurdt de musical holden yn de âld kapel. De akoestyk is dêr prima (dûmny woe al heard wurde) en der is romte. De kapel is ôfsletten nei de rellen fan in pear jier lyn en wurdt eins net mear ûnderholden, ensfh. Yn Jorwert is dy kapel feroare yn de boppeste ferdjipping. Prima akoestyk, seit de direkteur, en toaniel moat op heech nivo spile wurde, no! Dizze feroaring hat fansels alles te meitsjen mei de Ljouwerter gefangenis, want dêr wie in kapel op de boppeste ferdjipping, dy't as 'kerkruimte' oantsjutten waard. No is dy net mear yn gebrûk as tsjerklike romte, mar noch wol as rekreaasjeromte. It soe sa mar kinne, dat dêr ek ris in musical ynstudearre wurdt mei de inmates.