Darren, altyd fol fjoer Tiisdeitejûn, de lêste try-out foar de premiêre mei de minsken fan Empatec op de tribunes. Darren, dy't yn de musical matroas David spilet, set by it repetearen altyd te gau yn. Oan no ta wie it sa dat er by de útfiering fan de musical wol goed ynfoel. By de notes foarôf seit Tjerk: Sjoerd, wolsto by de echte musical ek te gau ynfalle by Seis moanne op see? Wy ha Darren dêr wer eefkes nedich. Sjen oft it wurket. En it moaie is, dat it dan in trije oeren letter ek sa bart, dat tekenet de profesjonaliteit fan de spilers. Oan it lêst ta skave en feroarje om it optimale der út te heljen. Oan Sjoerd van Beem is trouwens sneon letterlik noch skaafd: syn hier moast der ôf omdat der dochs wol ien kealen yn de gefangenis Long Rudford omstappe moast. Darren is altyd ien fan baarn der yn, dat deselde sneontemiddei is it der noch ôf gongen. Stiet goed, mar brr, de pet fan de smynk wie wolkom!