De befrijende krêft fan reinwetter
Freed 27 augustus
It waard dochs net hielendal droech yn Jorwert, op de jûn fan de premiere. Maar der waard spile. En hoe. Mei't de slúzen boppe de tún iepen gienen, joegen de spilers der noch in toskje by. Under it motto 'wiet binne we no dochs al' waarden de drippen út 'e loft spile, mei as hichtepunt in daverjende feestsêne dêr't de wite wyn yn it rûn fleach. De befrijende krêft fan reinwetter, sille we mar sizze.