De ein komt... it libben begjint wer!

Freed 21 septimber

Sosjaal sjoen bin ik in wrak... dat klinkt heftich, dochs is it sa. Miskien moat ik it wol efkes wat nuanseare... De fakânsje is no mear as seis wike foarby. Dat betsjut dat je it as spiler no al seis wike topdruk hawwe. Eins moat ik sizze: as meiwurker, want it tinkt my dat eltsenien dy't ek mar wat mei Jorwert te krijen hat, yn in soart roes libbet ôfrûne wiken. Tuerlik binne de wiken mei útfierings wat minder drok as de lêste repetysjewiken, mar dy fjouwer jûnen (binne it echt fjouwer???) yn 'e wike dat je dan frijôf binne belibbest eins net. Searjes op televyzje binne al wer in pear wike begûn, dus dy kinst al net mear folgje. Freonen op it antwurdapparaat bellest mar ris werom, mar eins hast se neat nijs te fertellen. Wolst ek net altyd oer 'Jorwert' prate. It moat net ferfelend wurde no? Koartsein: ik belibje eins neat en wit ek totaal net wêr 't ik oars oer prate moat. Ik haw eins net iens ynspiraasje om wer ris in leuk stikje foar "út 'e bak" te skriuwen. Kinst minsken lyrysk fertelle dat de Gouden Gurbes útrikt binne en dat wy mei Wybo, alias Lenny, de 'bêste byrol' yn ús glêderen hawwe, mar ek dat 'riekt' nei in ûnderwerp dat wolris wat mei Jorwert te krijen ha soe, dus ek dat probearrest hiel 'ferpakt' te fertellen. Fan 'e wike woansdei noch, ik hie krekt myn gefangenepakje oandien yn ús moaie klaairomte efter it dekor... gong myn tillefoan. In freon dy't ik al in skoftke net sprutsen hie: Freon : "Hoe giet it?" Ik : "Jaa... bêst jong... drok hin, mar da's gjin nijs... en mei dy?" Freon : "Goed..." -- op dat momint docht Remko in soundcheck: "Byeeeee.... byeeeee... Mein lieber Herr..." -- Freon : ".... wêr bisto???" Ik : "Ik bin yn Jorwert." Freon : "Tsjong... begjint dat no al wer foar takomme jier...???" Ik : "Ah nee juh... wy sitte noch midden yn 'e foarstellings..." Freon : "Mienst net... mei dit waar???" Tsja... úteinlik hawwe wy ôfpraat oer in pear wiken wer eefkes mei elkoar te beljen... Dan leit alles wol wer wat op syn plak. En litte wy dêr mar fan útgean... Yn myn firtuele wrâld giet it der in stik ienfâldiger oan ta. Sûnt in pear jier bestiet Hyves. In soarte fan persoanlike pagina dêrst fan alles oer dysels kwyt kinst. Kinst âlde en nije bekenden opsykje en útnoegje om dyn Hyves-freon te wurden. Ik haw it al in moai skoftke, mar sûnt healwei dit Jorwertjier is Hyves 'booming'. Kinst ek groepen oprjochtsje en der is dan ek al in wiere Jorwert-Hyves (sjoch mar ris op http://jorwert.hyves.nl) . Ynmiddels binne der al 21 freonen fan Jorwert en as je de 'krabbels' lêze dy't ûnderling útdield wurde dan kinst dy hast net foarstelle dat der aansten in grut swart gat opdûkt... dêr't wy mei ús allen ynfalle... Foarlopich binne de kontakten stevich woartele en Hyve wy elkoar ûnder de parrebeam!!

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert