De kaartferkeap is fan 'e moarn úteinset en jim witte ús noch altyd goed te finen; de earste 300 kaarten wiene yn in kertier al ferkocht! Bisto der ek by yn septimber?
Wy spylje ‘Bitterswiete Pil’, in tragikomeedzje yn musicalfoarm. It belooft in muzyk-, sang- en dûnsspektakel te wurden datst net misse wolst! Feestlik, oandwaanlik en ûnferjitlik. Meitsje it mei, keapje hjir no dyn kaarten!
De kaartferkeap foar de spesjale Rabobankjûnen (3 en 5 septimber) start op 12 july. De leden van de Rabobank ûntfange fan 9 july ôf it ledeblêd Rabo & Co mei dêryn de koartingskoade.