De lêste foarstelling is spile

Snein 29 septimber

De lêste foarstelling is spile

Sneon 28 septimber spilen wy ús lêste foarstelling fan Bitterswiete Pil. It wie in prachtige ôfsluting fan in rige geweldige foarstellingen. Alle waarsoarten kamen foarby; de earste jûnen wie it switten, in tal foarstellingen mei rein en de lêste jûn koe de winterjas wol oan. Mar wat wie it moai! Wy wolle alle besikers hertlik tankje foar har komst! Ek wolle wy de hiele produksje tige betankje foar harren geweldige ynset foar Bitterswiete Pil. 

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert