Wa hat op sa'n noflike, licht rûzige freedtejûn mids septimber op de grôtfolle tribune yn de rekken hoe't it is om in film te spyljen. Alles rint ommers as it spoar en de sênes (35 yn totaal) wikselje inoar yn heech tempo ôf. Sa heart dat yn de film hjoeddedei. It dekor wikselet like rap foar ús eagen: Wy binne op it tsjerkhôf en twa tellen letter rinne de mannen fan Hot Metal op strjitte om harren publyk te op te heinen: 'Ha jim wol kaartsjes, dames?' Dat se ûnderwilens wol de begraffenisoutfit ferwikselje moatten ha foar har deistige plunje yn in pear sekonden, wa bekroadet him dêr om. De logistyk achter de skerms is oant op de milimeter/sekonde útwurke. In stik as wat froulju helpe de mannen flot út en yn de klean en soargje derfoar dat fan in pear lapen mei klittebân wer in broek makke wurdt.