Troch de stille freed-te-jûn klinke de rauwe stimmen fan de matroazen. It waait net, de roeken hawwe earne oars in plakje socht en sels de hôfdowen hâlde har koest. Út en troch klinkt út 'e brede appelbeam achter yn de notaristún it hege piiplûd fan in ûlepyk. En wylst de finzenen har wer opstelle foar de reptysje fan de slotsêne fan de musical, lit de jonge gast him in op de foto sette. Yn de musical is ûnderwilens dúdlik wurden, dat as je fjochtsje wolle, dan hâlde je de kiker foar it lapke! Nelson, de held fan it stik dat yn de finzenis opfierd wurdt, stiet geregeld mei in eachlapke op portret. Dochs skynt er yn werklikheid nea sa'n swart doekje foar syn misse each hân te hawwen. Mar ja, de dramatyk fan syn libben wol ek wat en foar de teatrale dúdlikheid is it ek stikken moaier om him wol sa oan te klaaien. Dan is teminsten dúdlik te sjen dat er net om sizzen jout, mar syn eigen dingen docht. It sinjaal fan it admiraalskip negeart er troch de fierrekiker foar syn lapke-each te hâlden. Soe hjir ús útdrukking Ien foar it lapke hâlde weikomme? Iere besite. Om goed healwei achten skarrelje trije besikers de tún yn. Els Fongers, de ynstekster fangt har op, want it setten fan dit lêste stik ferget alle oandacht fan de spilers. "It begjint hjir dochs om healwei njoggenen?" freget ien fan de trije. "Wêr moatte jo wêze?" "Yn Dronryp." "Dan binne jimme ferkeard riden, dit is Jorwert... Mar jimme komme yn septimber mar wer."