In droege jûn en dan kinne der stappen set wurde Sheriff Joe Arpaio fan Maricopa County yn Arizona, USA, (hy hat wol wat fan Perry), is in man fan prinsipes: each om each, tosk om tosk. En gefangenen, dy moatte je net yn de watten lizze, mar ûnderbringe by need yn tinten yn de woestyn. As jo witte dat dy woastyn by Phoenix (nei Death Valley) it waarmste plak fan de States is, dan kinne jo begripe dat dy inmates der waarm bylizze. Ús gefangenen soene miskien wol wat fan dy waarmte liene wolle, seker tongersdeitejûn nei de dikke buien, doe't it kwik rap sakke! Mar freedtejûn luts de buieradar syn paden om Jorwert hinne, dat der koe folop mei klean oefene wurde. Logistyk, logistyk, logistyk. Der komt al wat te sjen as je in film op it toaniel sette. Oan de oare kant, it ferhaal kriget noch mear djipgong omdat it publyk ek meidocht, yn it ferhaal meilutsen wurdt. Foar it earst waard al even oefene mei it foarstellingspublyk. Dat wurdt troch Barrat nei bûten besjoerd en dan... Dan hoopje wy dat it oare publyk wol sitten bliuwt en net meirint de tún út! Je witte it langer mar noait.