Doazen - Kollum Tjerk Kooistra

Tiisdei 10 augustus

Doazen - Kollum Tjerk Kooistra

De lêste wiken fiel ik my wat ûntheemd. Hast fan de iene op de oare dei koe ik ferhúzje fan Weidum-Noard nei Weidum-Haven. Dochs himelsbreed in ferskil fan mar leafst 200 meter. 

Mar no't ik oer bin, bin ik noch net hielendal te plak. Mei twa húzen fielt it nije noch as in fakânsjehúske, mar dan te ticht by de doar. En mei te folle folle doazen. 

Noch ôfrûne moandei hienen wy in fergadering yn Jorwert mei de manlju fan de technyk. Yn dé tún. Oan alles koest dêr fernimme dat we der hast klear foar binne. De tribune stiet, it dekôr is op in kleurke, plankje, skroefke nei klear. Jorwert hat de doazen útpakt, alles stiet hast te plak. Fan freed ôf wenje we dêr foar wiken. Foar de moaiste reis fan it jier. De trije wike rjochting premiêre. 

Ien kear thús út de gearkomste pak ik fluitsjend in doaze út. It nije hûs ûntheemt my net, nee, ik wol de tún yn. En dy is no 200 meter tichter by hûs.
 
© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert