Wat binne wy oerrompele troch de ûnbidich grutte belangstelling foar Swyn!! Alle reguliere foarstellingen binne ûnderwilens folslein útferkocht. Dêr binne wy fansels tige bliid mei en wy wolle elkenien fan herten betankje foar it grutte entûsjasme.
Wa't noch gjin kaarten bemachtige hat, hoecht de moed noch net op te jaan. Foar de Rabobankjûnen op 25 en 27 augustus binne noch in hantsjefol kaarten beskikber. Ek foar de Bedriuwsjûn op 18 septimber is noch plak.
Om't der safolle fraach nei kaarten is, hawwe wy besletten om in ekstra foarstelling yn te plannen op woansdei 9 septimber. De kaartferkeap foar dizze ekstra jûn is yntusken úteinset en ek dêr giet it hurd mei de ferkeap.
Wolst der noch by wêze? Wachtsje dan net te lang en reservearje dyn kaarten no. Wy sjogge der nei út om dy te ferwolkomjen by Swyn!