Yn Londen '68 wurde 35 rollen spile troch 10 akteurs. Yn it stik oer de emansipaasjestriid fan froulju yn it Fordfabryk yn de Londenske wyk Dagenham yn 1968 kinne alle spilers alle rollen oannimme: man of frou, jong of âld, baas of wurknimmer, progressyf of konservatyf.
Twa rollen hawwe just in oare foarm: haadpersoan Rita en har man Eddy wurde spile troch twa akteurs de rol. Sa kinne regisseurs Tjerk Kooistra en Ekko de Bakker de inerlike striid en twivels fan Rita en Eddy sjen litte.
Rita komt yn twa karakters: har progressive, emansipearre kant, dy’t it stjoer yn eigen hannen nimme wol (Doete Stenekes), en har konservative side (Adriana van der Ploeg-von Bannisseht), dy’t leaver net de frouljusholle boppe it meanfjild útstekt. Dochs wurdt sy, ûnbedoeld, stakingsliedster. En dat docht se goed. Har man Eddy (Skelte Anema) fynt it bêst, sa lang as it iten jûns mar op tafel stiet. As er neffens syn testosteron wat yn toeren weromrint, jout syn eigen inerlike alfaman (Sjoerd van Beem) wat gas by.
Tjerk Kooistra: ‘Rita en Eddy steane mei harren twaspjalt en twivels foar de wending dêr’t de wrâld ein jierren 60 foar stie. Hege posten waarden beklaaid troch manlju dy’t der yn de oarloch ek al sieten; in protte gong siet der net mear yn. Der wie in rop om nije kânsen, mooglikheden, mar der wie net altyd likefolle lef. Dêr’t de ien waarm rûn foar foarútgong, wie de oar mear behâlden.’
Sjoerd van Beem en Skelte Anema ferfulle mei Betteke Eerligh, Thijs Meester, Sjoukje Jager, Lodewijk Riedhorst, Oane Swart en Wytske Vermeulen alle oare 68 rollen, fan fakbûnsman oant direksjelid en fan naaister oant minister.
Kostúmûntwerpster Dianne Bonnema keas foar har ûntwerpen – basearre op moade út de jierren 60 –, kleuren fan polaroidfoto’s, dy’t ôfstekke tsjin it stilearre fabryksdekor fan Ekko de Bakker. Hilbrandt makke soundscapes mei lûden út it fabryk en út de Ingelske jierren 60. Raymond Guzman lit de spilers as kollektive stakers of just yndividueel as man, as frou, as direksjelid of as meiwurker bewege.