It is begjin novimber, de tún is ûndertusken hielendal leech. Wat ha wy in prachtige foarstellingenrige hân. En as klap op 'e fjoerpylk wiene wy 3 kear nominearre foar in Gouden Gurbe. Uteinlik ha wy 2 bemachtige: Skelte Anema mocht de Gouden Gurbe foar de bêste haadrol yn ûntfangst nimme en dêrneist hawwe wy de Gouden Gurbe foar it bêste stik krigen! Wy binne hjir o sa bliid mei! No noch efkes de evaluaasjes en dan sjogge wy gau foarút nei takom jier. Wy hawwe der alwer nocht oan. Wy sjogge jim graach takom jier wer yn de Notaristún yn Jorwert!!