Fakânsje, rippetysjes, kaartferkeap en freonen
Tiisdei 14 july
It is ek fakânsje yn 'e notaristún fan Jorwert. Alteast: de spilers binne der in pear wiken tuskenút, mar de bouploech wurket wol stadichoan troch om it dekor ôf te krijen. Yn 'e foarige nijsbrief hawwe jo dêr al in bytsje fan sjen kind.
Regisseur Tjerk Kooistra is bot tefreden oer de risseltaten fan de spilersploech. Wy binne in moai ein op streek en de rippetysjes rinne hiel flot. Sa stadichoan hat elkenien de teksten yn 'e holle en begjint it úteinlike stik goed sichtber te wurden. De ynteraksje tusken de spilers is moai en de sfear is goed (ek belangryk). Alle kearen dat wy even by de repetysjes sjogge, binne wy wer ferbjustere oer hoe folle fierder oft de spilersploech kaam is. It is prachtich om te sjen hoe’t sa’n stik groeit en ta bloei komt. Wy hoopje dat it wer in bysûnder jier wurdt.
De kaartferkeap is ûnderwilens ek goed op streek en it giet hurd! Guon jûnen geane benammen hiel hurd, lykas de sneonen 4 en 12 septimber. Us kaartferkeapsysteem fia ynternet is dei en nacht berikber, ek yn de fakânsje, dat soargje dat jo de kaarten sa gau as mooglik bestelle.
De kaarten foar de freonen (mei koarting!) wurde takom wike ferstjoerd, dat as jo freon binne, hawwe jo yn alle gefallen jo kaarten al yn 'e hús! As jo noch gjin freon binne, mar dat graach wurde wolle, dan kinne jo jo oanmelde fia ús webside. Takom jier kinne jo dan ek kaarten mei koarting keapje.
Hâld fierder ús webside yn de gaten foar it lêste nijs!